Fjoerstien: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
kt
LNo edit summary
 
Rigel 3:
'''Floerstien''' is in stiensoarte dy't faak yn klompen [[kalkstien]] fûn wurdt en meastal brún of griis fan kleur. It is tige hurd en bestiet út [[kryptokristallyn]] [[silisiumdiokside]]. As der in hurde klap op jûn wurdt dan ûntstiet op de sydkanten in skerpe râne.
 
De stien wurdt ''fjoerstien'' neamd fanwege har eigenskippen. As mei dizze stien tsjin in stik [[Izer (metaal)|izer]] slein wurdt, springe der fonken ôf, dêr't maklik fjoer mei makke wurde kin, bygelyks as ien der in drûch brânber stik materiaal tsjinoan hâldt (lykas in pluske katoen of drûch mosk). De fûnken ûntsteane troch lytse izerdieltjes dy't spontaan yn de loft [[oksidaasje|oksidearje]] wêrby in soad waarmte frij komt sadat de dieltsjes gloeien geane.
 
Yn [[prehistoarje|prehistoaryske]] tiden (de [[stientiid]]) makken minsken lykas de [[Neandertaler]]s en de [[Kro-Magnonminsk]] by foarkar stiennen gebrûksfoarwerpen fan fjoerstien, bygelyks [[skrabber]]s, [[pylkpunt]]en, [[bile]]n en [[kling]]en .