Oegemantsje (mearke): ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
L red
Rigel 26:
| ISBN oers. = 978-9 05 61 52 888
}}
[[Ofbyld:The_Miller's_Daughter_by_Anne_Anderson.jpg|thumb|''De Mûnder's Dochter'' fan [[Anne Anderson]] (1874-1930)]]
 
'''''Oegemantsje''''', yn it oarspronklike [[Dútsk]]: '''''Rumpelstilzchen''''' ([[Nederlânsk]]: ''Repelsteeltje''), is in [[mearke]] dat troch de [[bruorren Grimm]] optekene waard yn harren ''Kinder- und Hausmärchen'' ("Berne- en Hûsmearkes") fan [[1812]], en yn lettere edysjes noch justjes oanpast waard. It is sûnt adaptearre ta in ferskaat oan oare media. Yn [[2012]] is it mearke oerset nei it Frysk troch [[Anne Tjerk Popkema]], as ûnderdiel fan 'e samling ''[[Mearkes fan Grimm]]''.
 
Line 34 ⟶ 32:
 
As de kening de oare moarns weromkomt, is er alhiel feralterearre as er al it goud sjocht. Mar hy wurdt der sa deun fan, dat er har daliks nei in gruttere keamer ta bringt, dêr't noch mear strie leit; en op 'e nij bedriget er har mei de dea as dat strie de folgjende moarns net ta goud spûn is. Op 'e nij komt it aparte mantsje del en freget it fanke wat se him jaan sil as hy it strie foar har ta goud spint. "Myn ring," seit se, en it mantsje set him wer oan 'e arbeid.
[[Ofbyld:The_Miller's_Daughter_by_Anne_Anderson.jpg|thumb|left|200px|''De Mûnder's DochterMûndersdochter'', fan [[Anne Anderson]] ([[1874]]-[[1930]]).]]
 
 
As dy keamer de oare moarns ek fol goud leit, is de kening wakker op 't skik en bringt er it fanke nei in noch gruttere keamer ta, dy't ek wer fol mei strie leit. Hy seit tsjin har, as se dit strie de oare moarns ek ta goud spûn hat, dan sil er mei har trouwe, want, tinkt er, in rikere frou sil er perfoarst nea treffe. Mar as it har net slagget om al it strie yn dy ûnbidige keamer foar de oare moarns ta goud te spinnen, dan betsjut it har dea. Foar de trêde kear komt it aparte keardeltsje del, en wer freget er it fanke wat se him jaan sil as hy it strie foar har ta goud spint. Diskear hat se lykwols neat mear om him te jaan. Mar it mantsje wit it goed makke: as se neitiid keninginne is, moat se him har earste bern jaan. It fanke is har rie te'n ein, dat se stimt dêrmei yn. Op 'e nij is al it strie yn goud feroare as de kening de oare moarns opdaagjen komt, dat hy nimt de moolnersdochter ta frou.