Sinteklaas: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
No edit summary
No edit summary
Rigel 2:
 
[[File:Sintenpiet.jpg|thumb| 300px|Sint en Pyt]]
 
It '''Sinteklaasfeest''' ''([[Sinteklaazje]])'' is basearre op ferskate tradysjes dy’t om de nammedei, [[6 desimber]], fan biskop [[Niklaas fan Myra]] hinne ûntstien binne. Niklaas libbe yn de tredde iuw n.Kr. yn Lyts-Aazje.
Yn Nederlân wurdt benammen de ''Pakjejûn'' op 5 desimber en yn Belgje de nammedei fan 6 desimber fierd. Doe’t it Sinteklaasfeest yn Nederlân foaral in bernefeest wie, fûnen de bern op 6 desimber snobbersguod of kadokes yn harren skoech of klompe. Dy waarden op de foarjûn by de [[hurd]] setten. De ûnderwizer Jan Schenkman skreau yn 1850 in lêsboekje mei de titel “Sint Nikolaas en de Knecht”. Dat boekje hat grutte ynfloed hân op de hjoeddeiske tradysje. Schenkman kaam mei trije nije eleminten: in feint foar Sinteklaas, in yntocht en de stoomboat.