Pastorale Brieven: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
kt
L red
 
Rigel 1:
De '''''Pastorale Brieven''''' beslane 3, 4 of 5 fan 'e 21 [[brieven yn it Nije Testamint|brieven]] yn it [[Nije Testamint]] fan 'e [[kristendom|kristlike]] [[Bibel]]. It binne brieven dy't skreaun binne troch de [[apostel]] [[Paulus]] (of alteast oan him taskreaun wurde). Hokker nijtestamintyske geskriften oft krekt ta de ''Pastorale Brieven'' rekkene wurde moatte, bestiet ûnder bibelwittenskippers en [[teolooch|teologen]] ûnienichheid oer. Yn 'e ingste sin falle derûnder:
* it ''[[Earste Brief oan Timóteüs]]'' (''1 Timóteüs'')
* it ''[[Twadde Brief oan Timóteüs]]'' (''2 Timóteüs'')
Rigel 5:
Dat binne brieven dy't troch Paulus oan syn meiwurkers [[Timóteüs (apostel)|Timóteüs]] en [[Titus (apostel)|Titus]] stjoerd waarden, en dy't grutdiels oer de kristlike lear geane.
* it ''[[Brief oan Filémon]]'' (''Filémon'')
''Filémon'', dat yn 'e regel ek ta de ''Pastorale Brieven'' rekkene wurdt, is wat problematysker. It is in brief fan Paulus oan in foaroansteand lid fan 'e kristlike gemeente yn it [[Lyts-Aazje|Lytsaziatyske]] [[Kolosse]], dy't fierhinne oer persoanlike saken giet.
* it ''[[Brief oan de Hebreeërs]]'' (''Hebreeërs'')
''Hebreeërs'' is hielendal in frjemde ein yn 't byt. It is in brief oan in groep kristenen fan mingd [[heidendom|heidensk]]-[[Joaden|Joadsk]] komôf yn [[Rome (stêd)|Rome]] of mooglik yn [[Jeruzalim]], dat op it mêd fan skriuwstyl en taaleigen sa ôfwykt fan 'e oare brieven fan Paulus dat it nei alle gedachten net troch him skreaun wêze kin. It wurdt soms ta de ''Pastorale Brieven'' rekkene om't it dochs earne by groepearre wurde moat en de posysje fan ''Hebreeërs'' yn 'e folchoarder fan 'e boeken fan it Nije Testamint in yndieling by de ''Pastorale Brieven'' suggerearret. Hjirby moat trouwens noch oantekene wurde dat ''Hebreeërs'' yn [[lutheranisme|lutherske]] bibels (yn 'e mande mei twa fan 'e ''[[Algemiene Seinbrieven]]'' en de ''[[Iepenbiering fan Jehannes]]'') yn in taheakke hielendal efteroan yn it Nije Testamint pleatst wurdt, mei't [[Marten Luther]] dy geskriften as [[apokryf]] beskôge.
 
{{boarnen|boarnefernijing=