Ezra (Latyn): ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
L red
Rigel 11:
| skreaun = [[90]] – [[96]] n.Kr. (?)
}}
'''''Ezra'' (Latyn)''''' is in [[joadendom|joadsk]] [[religy|religieus]] geskrift, besibbe oan it [[Alde Testamint]] fan 'e [[Bibel]], dat troch alle joadske streamings en it grutste part fan it [[kristendom]] as [[apokryf]] beskôge wurdt. Dizze tekst is in [[pseudepigraaf]] ûnder de namme fan 'e bibelske preester [[Ezra (preester)|Ezra]], en is skreaun om 'e [[Joaden]] te treasten yn in tiid fan grut fertriet (foar 't neist de ferwuostging fan 'e [[Timpel fan Jeruzalim]] troch de [[Romeinske Ryk|Romeinen]] yn it jier [[70]]). Hoewol't ''Ezra (Latyn)'' yn syn folsleinens, sa't de titel al oanjout, inkeld yn it [[Latyn]] oerlevere is, en dy Latynske ferzje nei alle gedachten in oersetting út it [[Gryksk]] wie, is men fan tinken dat de tekst oarspronklik yn it [[Hebriuwsk]] skreaun wêze moat. It grutste part fan ''Ezra (Latyn)'' (de haadstikken 3-14) is ek oerlevere yn (hieltyd justjes faninoar ôfwikende) fertalings yn [[Syrysk]], [[Arabysk]], [[Ge'ez]] (de [[deade taal|deade]] [[tsjerketaal]] fan [[Etioopje]]), [[Georgysk]] en [[Armeensk]]. De oarsprong is ûnmooglik noch werom te finen troch twa of mear lagen fan oersetting hinne, mar it liket derop dat oer it grutste part (h. 3-14) yn elts gefal mear as ien [[skriuwer]] gear west hat. ''Ezra (Latyn)'' wurdt yn 'e regel datearre oan 'e ein fan 'e [[earste iuw]], mooglik yn 'e snuorje [[90]]-[[96]], al miene guon saakkundigen dat it fan folle letter datum is, miskien sels wol út [[218]].
 
==Namme==
Rigel 39:
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: [http://en.wikipedia.org/wiki/2_Esdras ''Notes'', op dizze side].
}}
{{DISPLAYTITLE:''Ezra'' (Latyn)}}
 
{{Berjocht:Apokryf}}