Oarlochsrôle: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
L red
Rigel 1:
{{Literatuer
| ôfbylding = The War Scroll - Dead Sea Scroll.jpg
| ôfbyldingstekst = De ''Oarlochsrôle'', ien fan 'e [[Deade-Seerôlen]] (1QM).
| ôfbyldingsbreedte = 250px
| titel = ''Oarlochsrôle''
| oarspr. titel =
| auteur = anonimus
Rigel 11:
| skreaun = 165 – 4 f.Kr.
}}
De '''''Oarlochsrôle''''' of de '''''Oarlochsregel''''', eins titele '''''De Oarloch fan de Soannen fan it Ljocht tsjin de Soannen fan it Tsjuster''''', is in sektaryske [[joadendom|joadske]] tekst dy't yn 'e midden fan 'e [[tweintichste iuw]] te [[Qumran]], yn it [[Westjordaanlân]], ûntdutsen waard as ûnderdiel fan 'e skat oan âlde geskriften dy't bekend kommen is te stean as de [[Deade-Seerôlen]]. It is in soarte fan hânlieding foar militêre organisaasje en strategy, dy't oantroffen waard yn Grot 1 en 4 te Qumran, yn it besit kaam fan 'e [[Hebriuwske Universiteit fan Jeruzalim]] en publisearre waard yn [[1955]], troch de [[Israel]]yske ûndersiker [[Eleazar Sukenik]]. It dokumint bestiet út ferskate boekrôlen en fragminten, mei as wichtichsten 1QM en 4Q491-497.
 
==Datearring==
It is net alhiel dúdlik wannear't de ''Oarlochsrôle'' datearre wurde moat, mar neffens saakkundigen komme twa histoaryske perioaden dêrfoar yn oanmerking, te witten: de [[Seleusiden|Seleusidyske Tiid]] en de [[Romeinske Ryk|Romeinske Tiid]]. As de tekst datearret út 'e Seleusidyske Tiid, sil it foar 't neist skreaun wêze om 165 f.Kr. hinne, ûnder de [[Makkabeeske Opstân]], of mooglik letter ûnder it regear fan 'e [[Hasmoneeërs|Hasmoneeske dynasty]] yn [[Judeä]], om 143 f.Kr. hinne of nei 135 f.Kr. De ûndersikers dy't fan betinken binne dat it dokumint út 'e Romeinske perioade datearret (en dat is in minderheid), pleatse it yn 'e regel tusken de ferovering fan [[Jeruzalim]] troch de Romeinske generaal [[Pompejus]], yn 65 f.Kr., en de dea fan 'e Judeeske kening [[Heroades de Grutte]], yn 4 f.Kr. Ferskate saakkundigen op it mêd fan militêr wapentúch hawwe koartby lykwols de Seleusidyske teory befêstige, mei't se de ''Oarlochsrôle'' op grûn fan 'e wapens dy't deryn beskreaun wurde, yn 'e [[2e iuw f.Kr.|twadde iuw f.Kr.]] pleatse.
 
==Ynhâld==
De langste foarm fan 'e ''Oarlochsrôle'', 1QM, bestiet út 19 kolommen, en fan elkmis fan dy kolommen binne de earste fjirtjin oant njoggentjin regels oerlevere; it ûnderste part fan 'e boekrôle is sa skansearre dat it ûnlêsber is. Lykwols sketst de tekst fan it begjin fan 'e kolommen in aardich byld fan wêr't de ''Oarlochsrôle'' oer giet. Kolom i sommet yn it koart de oarloch tusken de "Soannen fan it Ljocht" en de "Soannen fan it Tsjuster" op. Kolommen ii-ix jouwe in wiidweidiger oersjoch fan 'e striid, dy't fjirtich jier duorre. Dêrfan geane kolommen iii en iv frijwol útslutend oer banieren, bazunen, spearen, pylken en oar wapentúch. Yn 'e kolommen x-xiv komme [[liturgy]]ske saken op 't aljemint. En de kolommen xv-xix beskriuwe in fjildslach yn sân dielen tusken it Ljocht en it Tsjuster, wêrby't de legers oanfierd wurde troch preesters. Einlings oerwint it Ljocht troch godlike tuskenkomst. In protte saakkundigen fine dat de tekst abrupt einiget, en miene dat der oarspronklik mear kolommen west hawwe moatte.
 
{{boarnen|boarnefernijing=