Gilgamesj-epos: ferskil tusken ferzjes

gjin bewurkingsgearfetting
(kt)
No edit summary
[[Ofbyld:GilgameshTablet.jpg|thumb|right|Tablet mei it Gilgamesj-Epos.]]
It '''''Gilgamesj''-epos''' komt út [[Sumearje]] en is ien fan de âldste ferhalen fan de wrâld. It giet oer [[Gilgamesj]], de heldekening fan de stêd [[Uruk]] yn Sumearje en datearret fan lang neidat Gilgamesj sels kening wie. De meast folsleine ferzje fan it ferhaal is oantroffen yn de gearstalling fan de [[Assyrje|Assyryske]] kening [[Assurbanipal]] út de [[7e iuw f.Kr.]] Guon ferzjes datearje lykwols út noch eardere tiden.
 
De tekst koe bewarre bliuwe omdat it iuwenlang troch learlingen yn [[spikerskrift]] oerskreaun waard op [[klaaitabletten]] om de [[Sumearysk|Sumearyske taal]] te learen, ek yn de tiid dat de taal troch it folk net mear sprutsen waard, mar allinne troch amtners brûkt, krekt sa as it [[Latyn]] yn de [[Midsiuwen]]. Mei help fan de [[archeology]]ske fynsten koe it ferhaal aardich rekonstruearre wurde.
 
Hiel nijsgjirrich is, dat sawol de [[Bibel]] as it Gilgamesj-epos de [[sûndfloed]] neame.
 
{{DISPLAYTITLE:''Gilgamesj''-epos}}
 
[[Kategory:Brûnstiid]]