Benito Mussolini: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Mussd.jpg ferfange troch March_on_Rome_1922_-_Mussolini.jpg (troch CommonsDelinker om't: File renamed: complete title).
Rigel 4:
== Skiednis ==
Mussolini wie ôfkomstich út in revolúsjonêr [[Sosjalisme|sosjalistysk]] miljeu. Hy wie lid fan de Italjaanske [[sosjalisme|sosjalistyske]] partij, mar waard om syn rjochtse ideeën yn [[1914]] út de partij setten. Nei [[1918]] rjochtet hy de [[Fassisme|fasistyske]] partij yn Itaalje op. Profitearjend fan de nei-oarlochske situaasje, slagget it Mussolini om nei de saneamde [[Mars nei Rome]] (28 oktober 1922) ta premier kieze te wurden (31 oktober 1922). It soe noch oant juny [[1924]] duorje ear't hy diktatoriale macht ferkriget troch de swiere krisis dy't folge op de moard op [[Matteotti]].
[[Ofbyld:March on Rome 1922 - Mussolini.jpg|thumb|left|''Mussolini ynby de Marsmars nei Rome'']] Hy brûkt dizze macht foar útskeakeljen fan syn politike tsjinstanners en in yngeande wiziging fan it Italjaansk grûnwettich systeem. De ynfiering fan in protte sosjale maatregels en grutte ûntginnings (û.o. de Pontyske sompen) joegen him in soad prestiizje by it Italjaanske folk.
 
Mussolini wie allieard mei it [[Nazy-Dútslân|Dútslân]] fan [[Adolf Hitler]], op wa't er ynfloed hie. Itaalje die fan juny 1940 ôf mei oan de [[Twadde Wrâldkriich]], wat trije jier letter late ta de ynfaazje fan Itaalje troch de [[Alliearden]]. Omdat Itaalje amperoan sukses hie yn de kriich kaam Mussolini nei in ynterne krisis yn konflikt mei de Italjaanske kening dy't "Il Duce" op [[25 july]] [[1943]] finzen setten lit. Twa moannen letter waard hy troch Dútske parasjutisten befrije.