Eagles (band): ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
No edit summary
Rigel 7:
Harren earste album “''Eagles''” (1972) bestie út in tal rockende lieten en sêftere musyk mei in soad country ynfloeden. De bekindste lietsjes fan dat album binne “Take it Easy”, “Witchy Woman” en “Peaceful Easy Feeling.” It twadde album “''Desperado''” (1973) hie as tema “banditen út it Wylde Westen”. Op de efterside fan it album lizze de mânljue as echte banditen fêstbûn op ‘e grûn. Foaral de titelsong is bekind wurden. Fierders steane der wer sawol rock as country lietsjes op. Op it twadde album binne de measte lietsjes skeaun troch Don Henley en Glen Frey, soms tegearre en soms mei oaren.
 
Foar it tredde album ''“On the Border''” waard [[Don Felder]], in goede freon fan Bernie Leadon, frege om mei te spyljen. Hy waard it fiifde lid fan de band. Tusken it opnimmen fan it fjirde album “''One of These Nights''” (1975) en de tournee dy’t dêrop folge, ferliet Bernie Leadon de groep omdat er net meidwaan woe mei “''the endless partying''” mei [[alkohol]] en drugsgebrûk. Hy waard ferfongen troch [[Joe Walsh]}] dy’t al suksessen hân hie mei syn band The James Gang en as solist. Hy stiet bekind as goede slide-gitaar spiler en hat in hiel eigen, wat rûgere, styl.
 
It album “''Hotel California''” (1976) wurdt harren grutte sukses. Op dat album steane û.o. lietjes oer ûnskuld, lykas it kalme, melodieuze country ferske “New Kid in Town” en ferlieding (it stefich rockende “Life in the Fast Lane”). Yn de titelsong sjonge se “You can checkout any time you want but you can never leave”. Dat liet stiet alle jierren by de boppenste fiif fan Radio2 [[Top 2000]]. Tidens de tournee dy ’t folge op dit album, stoppe Randy Meisner omdat er syn nocht hie fan it libjen yn hotelkeamers. Hy woe leaver yn de rêst fan Nebraska wurkje oan syn solo karrieare. Hy waard ferfongen troch [[Timothy B. Smith]] dy't lyk as Randy Meisner in heech stimgelûd hat dat hiel goed by de oare sjongers past.
 
Yn 1978 brochten se it (foarlopich) lêste album “The Long Run” út, De sfear tusken de mannen waar hieltiid minder. Nei ''"The Long Run''" tour yn 1980 besletten se om útelkoar te gean. Yn 1994 kaam de band wer byelkoar en brochten sy in live-album út dat hjitte “''Hell Freezes Over''” nei oanlieding fan in útspraak fan Henley, dy ’t sei dat de band pas wer byelkoar komme soe “''as de hel befriest”befriest''”, in populére Amerikaanske útdrukking. It album “Hell Freezes Over” bestiet foar it grutste part út live opnamen oanfold mei fjouwer nije lietsjes. Glen Frey sei tsjin it publyk: “''We never broke up, we just took a 14 year vacation''”.
 
Don Felder waard yn 2001 út de band set omdat er it der net mei iens wie dat Henley en Frey mear fertsjinnen as de oare bandleden. De Eagles brochten yn 2007 in nij album út, dat “''Long Road out of Eden''” neamd waard. Hja holden noch in grutte tour “''The History of the Eagles''” wêrfan ’t it lêste konsert jûn waard yn july 2015. Glen Frey is begjin 2016 ferstoarn. Yn 2017 hawwe de Eagles twa konserten jûn mei syn soan Deacon Frey en country muzikant Vince Gill as ferfangers fan Glen Frey.