Izertoer: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Theun (oerlis | bydragen)
grutste part van nl oerset
(Gjin ferskil)

De ferzje fan 18 aug 2007 om 08.48

De Yzertoer is in toer en fredesmonumint yn de West-Flaamske stêd Diksmuide. De toen stiet by de rivier de Yzer flakby it sintrum fan de stêd Diksmuide. De toer waard ynwijd op 24 augustus 1930.

De Yzertoer mei dêrfoar de Paxpoart

Op de Yzertoer stean yn krúsfoarm de letters AVV VVK wat stiet foar Alles Voor Vlaanderen, Vlaanderen Voor Kristus (Alles foar Flaanderen, Flaanderen foar Kristus). Op de toer stiet ek Nea wêr oarloch yn de fjouwer talen fan de stridende partijen fan it westlik front fan de Earste Wrâldkriich: Nooit meer oorlog, Plus jamais de guerre, No more War en Nie wieder Krieg. Mei syn 84 meter is de Yzertoer it grutste fredesmonuming fan Jeropa.

De Yzertoer is in it foarste plak in betinkingsmonuming foar de Flaamse sneuvelen fan WOI, mar it stiet tagelyk ek symboal foar de oan de Yzer ûntsteane wil ta politike ûnôfhinklikens fan Flaanderen. De jierlikse Yzerbeafaart by de toer is in politike manifestaasje tsjin oarloch en foar Flaamsk selsbestjoer.

De oarspronklike toer is yn de nacht fan 15 op 16 maart 1946 folslein fernield troch in oanslach mei dynamyt. In pear jier letter waard op in pear meter dêrneist in nije en folle hegere toer boud fan 84 meter. Mei de resten fan de fernielde toer waard op it terrein, op it Yzerbeafaartlân, yn 1950 de Paxpoart as Poart fan Frede boud. De ruïne fan de âlde toer wurdt goed bewarre.

Keppelings om utens