Jan Marijnissen: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
No edit summary
Rigel 1:
[[Ofbyld:Marijnissen2006.jpg|thumb|Jan Marijnissen, 2006]]
'''Johannes Guillaume Christianus Andreas (Jan) Marijnissen''' is in Nederlânsk politikus. Troch in kombinaasje fan funksjes wie er jierrenlang it gesicht fan de [[Sosjalistyske Partij]] ([[SP]]).
 
==Priveelibben==
Jan Marijnissen is berne yn [Oss] op 8 oktober 1952 as de jongste fan fjouwer bern yn in [[Katholyk]] hûshâlden. Hy hat syn [[HBS]]-oplieding net ôfmakke en rekke oan it wurk yn in woarstenfabryk en letter as lasker yn de metaalyndustry.
 
Hy is troud mei Mari-Anne dy ’t ek riedslid en wethâlder foar de SP west hat yn [[Oss]]. Sy hawwe ien dochter Lillian (berne yn 1985) dy’t bekind wurden is as fakbûnsbestjoerder fan de FNV en sûnt maart 2017 yn de Twadde Keamer sit foar de SP.
Rigel 10:
Jan Marijnissen wie yn 1972 ien fan de oprjochters fan de SP. Yn 1976 kaam er yn de gemeenteried fan Oss, dêr ’t de SP trije sitten hie. Hy wie mei 23 jier it jongste riedslid fan Nederlân. Hy is riedslid bleaun oant 1993. Dêrneist siet er fan 1987 oant 1989 yn de Provinsjale Steaten yn Noard-Brabân.
 
Hy waard yn 1988 [[partijfoarsitter]], wat er bleaun is oant 2015. Ek waard er yn 1994 keazen yn de [[Twadde Keamer]], de SP krige doe foar it earst twa keamersitten. Hy siet oant 2010 yn de Keamer, fan 1994 oant 2008 as [[fraksjefoarsitter]]. Doe moast er út reden fan sûnens in stapke werom dwaan.
Under syn lieidng is de partij groeid fan twa sitten yn 1994 oant 25 yn 2006.