Ferskil tusken ferzjes fan "Partij fan de Arbeid"

L
→‎Wouter Bos: oanfolling 2006-2017
L (→‎Wouter Bos: ofmakke)
L (→‎Wouter Bos: oanfolling 2006-2017)
=== Wouter Bos ===
[[Ofbyld:PvdA Wouter Bos - Hengelo20061117 16.jpg|thumb|right|234px|[[Wouter Bos]]]]
Nei in oergongsperioade ûnder [[Jeltje fan Nieuwenhoven]] waard [[Wouter Bos]] de nije partijlieder. De PvdA hie in goed ferkiezingsresultaat mar dochs kaam de PvdA yn [[2003]] net yn it regear. Yn [[2006]] ferlear de PvdA in soad sitten. Dochs kaam er doe in regear mei CDA, PvdA en ChristenUnie, it kabinet Balkenende IV. Wouter Bos waard fysefise-premier en minister fan fynânsjes.It kabinet stroffele op 23 febrewaris 2010 oer it Uruzganbeslút (Afganistan).
 
===Job Cohen===
Wouter Bos stie net mear kandidaat om't er mear tiid besteegje woe oan syn húshâlding. Hy skode Job Cohen,boargemaster fan Amsterdam, nei foaren as listluker. Mar hy die it net sa goed as kandidaat premier as in protte minsken ferwachte hienen. De PvdA helle 30 sitten mar waard net de grutste partij, dat waard de VVD mei ien sit ferskil.Der kaam in kabinet fan VVD en CDA, mei "''gedoochsteun''" fan de PVV, it kabinet Rutte I. De PvA waard de grutste opposysjepartij. .Yn febrewaris 2012 waard Job Cohen opfolge troch Diederik Samsom.
 
===Diederik Samsom===
Samsom waard listluker by de ferkiezings foar de Twadde Keamer yn 2012. Op 'e nij waard de PvdA de twadde partij, nei de VVD. Omdat de VVD en PvdA tegearre in mearderheid hienen, gongen sy tegearre in kabinet foarmjen, Rutte II. Diederik Samsom bleau yn de Twadde Keamer
sitten as fraksjefoarsitter. De Amsterdamske wethâlder Lodewijk Asscher kaam yn it kabinet as minister fan Sosjale Saken en fise-premier. In soad kiezers begrepen net heo't twa sokke ferskillende partijen,dy 't linerjocht tsjinoer elkoar stienen yn de ferkieizngs, no sa gearwurkje koenen. Foaral doe't er yngripende maatgerels naam wurde moasten krige it kabinet, en foaral de PvdA, in soad tsjinstân.
 
===Lodewijk Asscher===
 
== Organisaasje ==
209

bewurkings