Brunoanen: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
oanfolling
Rigel 6:
 
Om-ende-by it jier [[1000]] krige [[Liudolf]] as earste Brunoan it gesach oer de Fryske greefskippen.
Op hokker wize dat plakfûn is net bekend. Miskien waard it de greven fan [[Hollân]] wol ôfhandich makke mei geweld. Yn Fryslân moat it greeflik gesach fan de Brunoanen stevich ferankere west hawwe, ôfgeande op de sulveren munten mei harren namme dy't slein binne yn [[Starum]], [[Boalsert (stêd)|Boalsert]], [[Ljouwert (stêd)|Ljouwert]] en [[Dokkum]]. Dizze munten binne oeral fûn en yn grutte oantallen. Yn de omkrite fan [[Rinsumageast]] yn [[Eastergoa]] beskikten de Brunoanen oer guod dat earder yn besit wie fan de [[Reginingen]].<ref>P.N. Noomen, De stinzen in middeleeuws Friesland en hun bewoners, side 30-33</ref>
 
Nettsjinsteande ferbleaun de Brunoanen meastentiids bûten Fryslân. Nei alle gedachten kamen sy allinnich hjirhinne foar spesjale gelegenheden, bygelyks om lân yn lien fuort te jaan, minsken yn amten te befêstigjen en by wichtige skelen.