Donald Trump: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
L red
L It artikel wie op in suggestive en iensidige wize skreaun, dat heart net yn in ensyklopedy. Ik ha it wat neutraler makke. Ek ha ik ynformaasje wêr't gjin betroubere boarne foar te finen is fuorthelle.
Rigel 39:
 
==Polityk==
Op [[16 juny]] [[2015]] stelde Trump him foar de [[Republikeinske Partij (Feriene Steaten)|Republikeinske Partij]] kandidaat foar it [[Amerikaanske presidint]]skip. Yn 't earstoan wiene der net folle dy't syn kandidatuer serieus namen, mar hy wist freon en (fral) fijân te ferrassen mei de oanhing dy't er meite syn [[populisme|populistysk]] praat mank benammen [[konservatisme|konservative]], âldere, [[jeropide ras|blanke]], [[man (sekse)|manlike]] Amerikanenwinnen wist te winnen. Hy fersloech yn 'e Republikeinske [[foarferkiezing]]s û.m. de âld-[[gûverneur]] fan [[Floarida]] [[Jeb Bush]], de jonge [[Latino's yn Noard-Amearika|Latino]]-[[politikus]] [[Marco Rubio]] en de [[kristendom|kristlik]]-[[fûnemintalisme|fûnemintalistyske]] [[senator]] [[Ted Cruz]]. Dat died er troch syn tsjinstanners mei [[skellen|skelpartijen]] en op oare net-ynhâldlike manearen lytsman te meitsjen. Om't er dêrmei de fêstige oarder fan 'e Republikeinske Partij folslein fan him ferfrjemde, hie Trump der klauwen oan om 'e [[politike partij|partij]] wer op ien line te krijen nei't er op [[19 juny]] [[2016]] op 'e [[Republikeinske Nasjonale Konvinsje]] yn [[Cleveland (Ohio)]] nominearre wie as de offisjele presidintskandidaat fan 'e Republikeinen. Foar in oansjenlik part slagge him dat ek net, en in grut diel fan 'e partij wegere om Trump syn [[politike kampanje|kampanje]] te stypjen of sels om foar him te stimmen, eat dat noch nea earder foarkommen wie yn 'e Amerikaanske politike skiednis. As syn [[fise-presidint]]skandidaat keas Trump [[Mike Pencegûverneur]] út, de aartskonservative enfan [[gûverneurIndiana]] fan [[IndianaMike Pence]]. út,
[[Ofbyld:Donald Trump and wife Melania.jpg|thumb|left|250px|Donald Trump mei syn frou [[Melania Trump]].]]
 
Underwilens hie de [[Demokratyske Partij (Feriene Steaten)|Demokratyske Partij]] [[Hillary Clinton]] oanwiisd as offisjele presidintskandidate. Dat wie de earste kear dat ien fan 'e beide grutte Amerikaanske partijen in [[frou]] as presidintskandidaat keas. De dêropfolgjende kampanje foar de [[Amerikaanske presidintsferkiezings 2016|presidintsferkiezings]] ûntpopte him ta in ordinêrens en in dreksmiterij, benammen fan 'e kant fan Trump, sa't sels yn 'e Amerikaanske polityk noch nea earder sjoen wie. Trump hold út dat alleder tusken de [[yllegale ymmigrant|yllegale]] [[Latino's yn Noard-Amearika]] in soad [[ferkrêfting|ferkrêfters]] en [[moard]]ners wienesitte, ûnthiet syn oanhingers dat er in [[muorre]] by de grins mei [[Meksiko]] lâns bouwe soe en dêr Meksiko foar betelje litte soe, en sei fierders dat er -"until we can figure out what's going on"- de grinzen fan 'e Feriene Steaten slute soe foar alle [[moslim]]s.
 
Trump betocht ek de [[bynamme]] ''Crooked Hillary'' ("Kriminele Hillary") foar Clinton, om't se neffens him skuldich wie oan [[machtsmisbrûk]] en [[moard]] (op 'e trije Amerikaanske [[diplomaat|diplomaten]] dy't omkommen wiene by de [[oanfal op de Amerikaanske ambassade yn Benghazi]]). Hy warskôge har dat er derfoar soargje soe dat se yn it [[tichthûs (finzenis)|tichthûs]] bedarje soe as hy de ferkiezings wûn. Ek [[e-mailskandaal fan Hillary Clinton|Clinton har e-mailskandaal]] waard wer oprakele en Trump besocht sels it [[Lewinsky-skandaal]], út 'e tiid fan it [[presidint]]skip fan Hillary har [[oarehelte|man]] [[Bill Clinton]], tsjin har te brûken. Clinton sels sloech werom mei û.m. ferwizings nei Trump syn misse setten yn it sakelibben en syn [[frouljushaat|denigrearjende útspraken oer en hâlding foar froulju oer]], sa't bgl. oan it ljocht kaam trochyn in [[lûdsopname]] út [[2005]], dêr't er op swetste oer it útheljen fan [[ûnwinske yntimiteiten]] by [[frou]]lju, û.m. troch se by de [[fagina]] te gripen. Neitiid kamen fyftjin froulju nei foarren dy't him fan [[seksuële oantaasting]] beskuldigen.
 
Beide kandidaten wiene tige ympopulêr mank de gewoane Amerikanen, mar Trump noch mear as Clinton. Nettsjinsteande dat, en tsjinTsjin 'e útslaggen fan alle [[opinypeiling]]s yn, wûn Trump op [[8 novimber]] [[2016]] de presidintsferkiezings fan Clinton. De reden dêrfoar wie net, sa't de Republikeinen hawwe woene, dat de Trump in nije groep kiezers foar harren oanboarre hie, want der stimden minder minsken op him as dat der yn [[2012]] op [[Mitt Romney]] en yn [[2008]] op [[John McCain]] stimd hiene. Krektoarsom, de reden dat Trump de ferkiezings wûn, wie dat in grut part fan it Demokratyske elektoraat thúsbleau. Hoewol't der in rekôroantal fan goed 2,5 miljoen stimmen mear op Clinton útbrocht waarden as op Trump, krige dy lêste troch de eigenaardichheden fan it Amerikaanske kiesstelsel (dat net per útbrochte stim rekkenet, mar [[Amerikaanske steaten|steat foar steat]]) de mearderheid fan 'e [[kiesman]]nen yn it ''[[Electoral College]]'' efter him.
 
== Trivia ==