Frysk Skipfeart Museum: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
No edit summary
Rigel 3:
[[Ofbyld:Snits Frysk Skipfeart Museum Gonggrypkeamer.jpg|thumb|right|Stylkeamer Gonggrypkeamer]]
[[Ofbyld:Snits Frysk Skipfeart Museum trochkykje plesierfeartseal Lemsteraak De Groene Draak.jpg|thumb|right|Model fan Lemsteraak De Groene Draak, ôfdieling plesierfeart]]
It '''Frysk Skipfeart Museum''', oprjochte yn [[1881]], is in skipfeartmuseum en ek it [[museum]] oer de skiednis fan de sted [[Snits (stêd)|Snits]]. It is festigjefestige oan it [[Lytssân (Snits)|Lytssân]].<br>
De kolleksje bestiet ûnder mear út de histoarje fan de Fryske skipfeart en skipsbou fan de [[17e iuw|17e]] oan de [[20e iuw]] en de [[wettersport]] út de [[19e iuw|19e]] en [[20e iuw]]. De hiele kolleksje bestiet út in 17.000 foarwerpen. Dêrneist is der in bibleteek mei hast 9.000 titels en in samling fan mear as 20.000 foto's. Oan it museum is ek in âldheidkeamer ferbûn dêr't benammen foarwerpen út Snits en omkriten toand wurde.
 
It museum hat twa haadôfdielings. Yn de ôfdieling Skipfeart wurdt de skiednis fan de Fryske skipfeart ferhelle oan de hân fan skipsmodellen, skilderijen en skipsûnderdielen. Yn de ôfdieling Snits komt de histoarje fan de stêd Snits oan bod. Snits is oriïntearre op it wetter, en hat dat ek altiten west. In skerpe skieding tusken beide ôfdielings is der dêrom net. De ferhalen rinne floeiend yn elkoar oer. De tentoanstelde kolleksje is te besjen yn de 32 eksposysjeromtes fan it museum. Der binne skipsmodellen fan ûnder oare [[skûtsje]]s te sjen. Ek is der sulver en in seal oer hurdriden.
 
== Kolleksjes ==
Yn de ôfdieling [[Fryske Admiraliteit]] stiet in grut kanon, dat fan in Frysk oarlochsskip komt. Oant 1795 hie Fryslân in eigen ôfdieling fan de Admiraliteit (seemacht). Fryslân hie gjin keamer by de [[Feriene Eastynjeske Kompanjy|VOC]], mar tûzenen Friezen hawwe wol op [[VOC]]-skippen fardfearn. De measte Fryske seefeart falt lykwols yn de kategory kustfeart. Mei [[kof]]skippen en [[smak]]skippen farden Fryske skippers nei de [[Skandinaavje|Skandinavyske]] lannen, nei de lannen oan de [[Eastsee]], nei Frankryk en [[Spanje]]. Reders en seehannelers makken mei de kustfeart yn de 17e en [[18e iuw]] grutte winsten. Yn de ôfdieling [[beurtfeart]] is omtinken foar de binnenfeart. It farwegennetfarwegenet fan Fryslân wie wiidfertakke. Mei in [[skûtsje]] wie it mooglik om yn hast alle Fryske doarpen mei it skip te kommen. Lânwegen wienenwiene der folle minder. Beurtskippen en [[trekskip]]pen ûnderholden de ferfierstsjinsten tusken de ferskillende stêden en doarpen yn Fryslân. De wat gruttere beurtmannen farden oer de [[Sudersee]]. Oan de hân fan skipsmodellen wurde dy ferhalen ferteld. Yn de skûtsjeseal wurdt de skiednis fan de Fryske binnenfeart beljochte. Fryske skippers wennen en wurken mei harren húshâlding oan board fan harren skip. De rekonstruksje fan in roef toant dat se lyts behuze wiene. Skippen wienen faak ryk fersierd. Yn it museum is in grutte kolleksje skipssier te sjen: roerklikken, hakkeboerden, roerkoppen ensafuorthinne. Bysûnder wie de ielhannel. Ut [[Heech]], [[De Gaastmar]] en [[Warkum]] wei waard op grutte skaal iel eksportearre nei Londen. Mei ielaken waard de iel ferfierd. De Fryske wetterwegen wurde no benammen brûkt troch wettersporters. Dêrom is der yn it museum ek in grutte kolleksje modellen fan syl- en motorjachten te sjen: [[boeier]]s, [[tsjotter]]s, [[BM'er]]s, reinbôgen, mar ek modernere klassen as de Flits.
 
Yn de Iisseal is te sjen hoe't winterdeis de wetterwegen feroaren yn snelwegen foar reedriders. Folle hurder as mei in skip koene op redens grutte ôfstannen ôflein wurde. Der binne ûnderskate redens te sjen, mar ek prizen fan ferneamde Fryske riders. De prizen fan de [[Alvestêdetocht]] binne der bygelyks eksposearre.