Grand Slam (bom): ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Rigel 8:
It meitsjen fan in Grand Slam duorre minstens in moanne, omdat de raande [[Torpex]] sa lang ôfkuolje moast neidat it in winske foarm getten wie. Dat de produksje fan de bommen wie leech en der waard sunich mei omgien. Fleanmasines mochten eventuele Grand Slam-bommen dy't sy nei in bombardemint noch oan board hienen net foar de lâning yn de see smite, sa't oars wol wenst wie.<ref>Flower "Bombs", s.335</ref>
 
Krekt as de Tallboy wie de Grand Slam net ûntwurpen om betonnen dakken te trochbrekken; de bom foel geregeldwei út elkoar of eksplodearre te betiid by it bombardearjen fan bunkers en oare betonnen gebouwen.<ref>Flower "Bombs", s.375.</ref> Dochs wie de bom effisjinter as de al besteande modellen. De Grand Slam waard fral brûkt foar bombardeminten dy't útfierd waarden mei in [[Avro Lancaster]] B.Mk 1 (Special) bommesmiter. De bom koe yn syn fal in snelheid fan 320 m/s berikke en him djip yn de grûn boare eardat er ûntplofte.<ref>Kharin, Kuzmina, Danilova, [http://stinet.dtic.mil/oai/oai?verb=getRecord&metadataPrefix=html&identifier=AD0751247 22 Septimber 1972; ''Ground Vibrations during Camouflet Blasts'', útj. Foreign Technology Division]</ref> Dêrtroch waard it fûnemint fan it doel faalfaak slim ûndermine en koe in soad skea ûntstean.
 
Totaal waarden der 42 Grand Slams brûkt by bombardeminten.<ref>Flower "Bombs", Appendix 4.</ref>