Tsjerke fan Haskerhoarne: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
RomkeHoekstra (oerlis | bydragen)
No edit summary
Rigel 30:
| webside = [http://www.haskeroord.nl/ Webstee PKN-gemeente]
}}
De '''Tsjerke fan [[Haskerhoarne]]''' is ien fan de twa tsjerken fan de [[Protestanske Tsjerke yn Nederlân|protestanske]] gemeente Haskeroard. De tsjerke is sûnt 1968 in [[ryksmonumint]] en wurdt tsjintwurdich allinnich foar spesjale tsjinsten brûkt.
 
== Skiednis ==
De tsjerke waard yn 1906 op de fûneminten fan in âldere tsjerke boud. Dy foargonger wie in tsjerke út 1691 en waard yn 1722 tekene as in [[sealtsjerke]] mei oan de westlike kant in hege [[sealtek]]toer. Op de gevelstien boppe de tagong steane de wurden: "''Dat uwe oogen open zijn nacht en dag over dit Huis - 1 Kon 8:29''".
Om't it foar de lytse protestanske gemeente jimmeroan dreger waard om de twa tsjerkegebouwen fan Haskerhoarne en Aldehaske te ûnderhâlden, is der yn 2013 de ''Stifting behâld tsjerklike gebouwen'' oprjochte mei as doel finansjeel te helpen mei it ûnderhâld fan de beide tsjerken. De ynwenners fan Haskerhoarne, Aldehaske en Vegelinsoard joegen harren massaal op as donateur fan de stifting, om sa de twa protestanske tsjerken ek yn de takomst foar de doarpen te bewarjen.<ref>[http://www.stichtinghaskerkerken.nl/ Sticting Hasker Tsjerken]</ref>