Shyla Stylez: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Rigel 23:
Stylez makke yn [[2000]] har [[debút]] yn 'e [[pornografyske film]] ''Slap Happy'', foar it [[filmstudio|label]] [[Anabolic Video]]. Sûnt hat se neffens de [[Internet Adult Film Database]] (IAFD) yn hast 240 [[film]]s spile. Nei har earste rol tekene hja in [[kontrakt]] mei [[Jill Kelly Productions]] (JKP), en yn [[juny]] [[2002]] liet se har [[boarsten]] fergrutsje oant [[beha|kupmaat]] 32D. Datselde jiers [[troude]] se mei [[Bob Friedland]], de [[direkteur]] fan JKP. (Dat [[houlik]] einige yn [[augustus]] [[2003]] yn in [[skieding (houlik)|skieding]].) Yn har ''[[sabatical]]''-jier [[2005]] liet Stylez har boarsten fergrutsje nei kupmaat 36DD, en yn [[2006]] makke se har [[comeback]] op [[film]], [[dvd]] en [[ynternet]].
 
Shyla Stylez wie behelle yn in [[skandaal|seksskandaal]] mei George Jaramillo, in [[sheriff|helpsheriff]] fan [[Orange County (Kalifornje)|Orange County]], by Los Angeles, mei wa't hja ferskate seksueel tinte moetings hie. Doe't dat oan it ljocht kaam, ferlear Jaramillo syn [[baan (wurk)|baan]]. Yn [[2007]] [[presintatrise|presintearre]] Stylez de [[tillefyzje]]show ''Un-Wired TV'', op in ûnôfhinklike stjoerder te Los Angeles. Stylez waard yn [[2010]] troch it [[tydskrift]] ''[[Maxim (tydskrift)|Maxim]]'' oantsjutten as ien fan top tolve pornostjerren yn 'e wrâld, en yn [[2011]] waard se ynhuldige yn 'e ''Hall of Fame'' fan 'e [[Urban X Award|Urban X Awards]]. Se hat de jefte om 'e ''booby dance'' te dwaan, sa't se toand hat yn in fideo fan [[BangBros]]. Yn [[2012]] loek Stylez har werom út 'e pornoyndustry, wêrnei't se weromkearde nei har berteplak Armstrong, yn Britsk-Kolumbia. Yn [[2016]] waard se ynhuldige as lid fan 'e [[AVN Award|AVN]] Hall of Fame.
 
==Ferstjerren==