Led Zeppelin (band): ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
asjoblyft, in plaatsje
oanfollings tekst en lay out
Rigel 13:
Yn oktober 1969 waard it album “''Led Zeppelin II''” útbrocht mei as iepeningsliet it bekinde “Whole lotta love” dat ek de meast suksesfolle single fan de band is. It liet is skreaun troch de bluessjonger Willie Dixon en Led Zeppelin hat der in eigen bewurking fan makke.It album “''Led Zeppelin III''” waard yn 1970 opnaam yn in Bron-Y-Aur, in achttjinde ieusk hûske boppenop in heuvel yn Wales. Nei in swiere tournee kamen hja dêr wer ta rêst om nije lieten te skriuwen en op te nimmen. Troch dat ferbliuw wie der op dat album noch mear Ingelske folkmuzyk te hearren.
 
Op it fjirde album stiet gjin offisjele titel, mar wol fjouwer runetekens. It album wurdt sjoen as it bêste en belangrykste album fan de band. It is ek ien fan de bestferkofte albums út de muzykskiednis. Omdat it gjin offisjele namme hat, wurdt it ''“Led Zeppelin IV”'' neamd. Op dit album wurdt hardrock kombinearre mei Ingelske folkmuzyk, rock en roll en blues. It album begjint mei twa hurde rock lieten, “Big black dog”en “Rock ’n roll” folge troch it folkliet “The Battle of evermore”, dat Robert Plant sjongt tegearre mei de Britse folkssjongeres Sandy Denny. Derneii folget ien fan de hichtepunten fan dit album of faaks wol fan het hiele oeuvre fan de band, “Stairway to heaven”. In liet dat opboud wurdt fanút ienfâldich akoustysk gitaarspul nei hurde en opswypkjende elektryske gitaar en sang. Dit liet stiet alle jierren by de boppeste fiif fan Radio2 Top 2000.[[Bestand:Zoso.svg|{{Largethumb}}|De symbolen die de officiële titel van [[Led Zeppelin IV]] vormen. Ze staan respectievelijk voor Jimmy Page, John Paul Jones, John Bonham en Robert Plant.]]
 
It folgjende album “''Houses of the holy''” út 1973 waard ek goed ûntfong troch it publyk en de kritisy. De band gong wer op tournee nei de Feriene Steaten en bruts ferskate rekords wat it oantal taskôgers oanbelanget. Ek it dubel album “''Physical Graffity''” (1975) wie wer in gigantysk sukses. Yn 1975 koe Robert Plant in skoft net optrede, om ‘t hy belutsen wie by in slim auto ûngelok yn Grikelân. Dy tiid brûkten de manljue om lieten te skriuwen foar it nije album “''Presence''”. Fan dat album waarden wer in hiel soad ferkocht mar de fans en de kritisy wienen der dochs wat minder oer te sprekken. Dat wie ek sa mei de konsertfilm “''The song remains the same''” en it byhearrende album mei de konsertopnamen, dy ‘t eins mar wat lauw ûntfong waarden. It album “''In through the outdoor''” út 1978 helle wol wer it earste plak op de albumlisten yn de FS en Ingelân, mar krige wikseljende reaksjes fan de kritisy.
Rigel 22:
Yn desimber 2007 kaam Led Zeppelin wer by elkoar foar in konsert yn Londen. Jason Bonham naam it plak wer yn fan syn ferstoarne heit. Letter ferskynde der in album en dvd “Celibration day” fan dit konsert. Der gongen geroften dat Jimmy Page, John Pau Jones en Jason Bonham wol wer op tournee woenen, mar Robert Plant hie it te drok mei syn solo projekten en hie dit haatstik ôfsletten.
 
 
== Discografie ==
=== Albums ===
{{Tabel Nederlandse Album Top 100}}
|-align=center
|align=left|''[[Led Zeppelin (album)|Led Zeppelin]]''||1969||-||||||
|-align=center
|align=left|''[[Led Zeppelin II]]''||1969||06-12-1969||1(4wk)||28||
|-align=center
|align=left|''[[Led Zeppelin III]]''||1970||24-10-1970||3||27||
|-align=center
|align=left|''[[Led Zeppelin IV]]''||1971||04-12-1971||7||12||
|-align=center
|align=left|''[[Houses of the Holy]]''||1973||07-04-1973||4||11||
|-align=center
|align=left|''[[Physical Graffiti]]''||1975||08-03-1975||10||10||
|-align=center
|align=left|''[[Presence]]''||1976||17-04-1976||7||10||
|-align=center
|align=left|''[[The Song Remains the Same (album)|The Song Remains the Same]]''||1976||13-11-1976||24||11|| Soundtrack / [[Livealbum|Livedubbelalbum]]
|-align=center
|align=left|''[[In Through the Out Door]]''||1979||08-09-1979||21||7||
|-align=center
|align=left|''[[Coda (album)|Coda]]''||1982||-||||||
|-align=center
|align=left|''[[Led Zeppelin (verzamelalbum)|Led Zeppelin]]''||1990||-|||||| [[Verzamelalbum]]
|-align=center
|align=left|''[[Re-Masters]]''||1990||27-10-1990||34||22|| Verzamelalbum
|-align=center
|align=left|''[[Boxed Set 2]]''||1993||-|||||| Verzamelalbum
|-align=center
|align=left|''[[The Complete Studio Recordings (Led Zeppelin)|The Complete Studio Recordings]]''||1993||-|||||| Verzamelalbum
|-align=center
|align=left|''[[BBC Sessions (Led Zeppelin)|BBC Sessions]]''||1997||-||||||
|-align=center
|align=left|''[[Early Days (Led Zeppelin)|Early Days / Best of Led Zeppelin]]''||2000||-|||||| Verzamelalbum
|-align=center
|align=left|''[[Latter Days (Led Zeppelin)|Latter Days / Best of Led Zeppelin]]''||2000||-|||||| Verzamelalbum
|-align=center
|align=left|''[[How the West was Won]]''||2003||07-06-2003||47||12||
|-align=center
|align=left|''[[Mothership]]''||2007||17-11-2007||15||22||
|-align=center
|align=left|''Celebration day''||2012||24-11-2012||2||32||
 
 
[[kategory: Led Zeppelin]]
[[kategory: Ingelske band]]
[[kategory: brits rock-artyst]]
[[band oprjochte yn 1968]]