Julianus Apostata: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
kt
Rigel 6:
 
== Opkommen ==
[[File:Ioulianou autokratoros ta sozomena.tif|thumb|''Ioulianou autokratoros ta sozomena'', 1696]]
Yn [[354]] waard Gallus op befel fan de keizer fermoarde fanwege wanbelied, wêrnei't Julianus him as Caesar opfolgje moast. Hy troude mei Helena, de jongste suster fan de keizer. Sa waard hy oerbefelhawwer fan it Romeinske leger yn [[Galje]] en it hiele westen fan it Ryk. Hy hie in protte te stellen mei de [[Franken]] oan de [[Ryn]]-grins. Mei it leger stuts hy oant trije kear ta de [[Ryn]] oer. Hy helle ferskate súksessen op de Franken en sleat mei harren in fredesferdrach wêrtroch't de Salyske Franken tastimming krigen harren te fêstigjen yn Noard-Galje, tsjintwurdich Súd-[[Nederlân]] en [[Belgje]]. Sy waarden sa de earste [[Germanen|Germaanske]] bûnsmaten (''[[foederaty]]'') dy’t op Romeinsk grûngebiet in stik lân tawiisd krigen.