Hessel van der Kooij: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
kt
No edit summary
Rigel 1:
[[Ofbyld:Hessel close-up.jpg|right|200px|thumb|Hessel van der Kooij]]
'''Hessel van der Kooij''' ([[West-Skylge]] [[20 april]] [[1955]]) is in sjonger en kafeehâlder fan [[Skylge]]. Hessel brûkt by tiden syn pseudonym ''Ray Maccannony''. Syn heit wie stoker fan it gasfabryk en letter boatsma'/kok by rederij Doeksen. Hessel is in eilanner yn ieren en sinen en wol neat ha fan kommersjeel muzyk meitsjen. Syn bekendste nûmer is ''Terug naar Terschelling''. Syn lûd docht wat tinken oan [[Bruce Springsteen]]. Hy hat yn [[1991]] optreden yn Ahoy, hjirfan binne CD's en fideo's makke. In oar bekend optreden wie op [[19 maart]] [[2005]] yn Thialf, mei syn dochter Tess. Hjirby waard FL 100.000 ophelle foar it goede doel: Sykte fan Aicardi Goutieres.
 
Hessel waard op 16-jierrige leeftyd kafeehâlder yn [[Hoarne (Skylge)|Hoarne]] op it eilân en iepene op [[24 maart]] [[1972]] kafee de "Groene Weide". Hy makke muzyk yn it kafee en simmerdeis ek wol op it strân. Troch yntekening middels in boek yn de Groene Weide waarden daliks 1200 nûmers ferkocht fan syn earste lp 'Flamborough Head'. Yn [[1980]] waard hjirfan in single útbrocht:'' She's flying to America'', mei op de efterkant Appocaliptic.