Cascade Locks (Oregon): ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
L lytsguod
No edit summary
Rigel 25:

[[Ofbyld:Cascade Locks Oregon post office.jpg|300px|thumb|left|Postkantoar mei de [[Kolumbia (rivier)|Kolumbiarivier]] op efetergrûn]]
'''Cascade Locks''' is in plak (''city'') yn it noardwesten fan [[Hood River County (Oregon)|Hood River County]] yn de [[Feriene Steaten|Amerikaanske]] steat [[Oregon]] en leit oan de rivier de [[Kolumbia (rivier)|Kolumbia]]. en de bergen fan it [[Cascades|Cascadesberchtme]] binne oan wjerskanten fan de kleau. It plak leit yn de [[Kleau fan de Kolumbia]]. It plak is neamd nei de eardere slûzen, Ingelsk: ''Locks'', dy't yn de Kolumbia sieten om skipfeart op de rivier better mooglik te meitsjen. De Amerikaanske [[oerheid]] karde it plan goed yn 1875 en sette út ein mei de bou yn 1878. It projekt wie ree op 5 novimber 1896. De slûzen waarden oerstallich nei de bou fan de [[Bonnevilledaam]] yn 1937. Dat is in keardaam dy't 6 km fierder boppestream boud waard. Nei de foltôging fan dit projekt strûpten de eardere slûzen ûnder wetter en ûntstie itde '''Bonnevillemar'''. It plak ferlear lykwols gjin lân nei it ûntstean fan itde Bonnevillemar. Justjes boppestream is de [[Bridge of the Gods]], in tolbrêge dy't it plak mei [[Stevenson (Washington)|Stevenson]] ferbynt, dat oan de Washingtonkant fan de Kolumbia leit.

==Skiednis==
Der hat al hiel lang bewenning west op it plak wêr't Cascade Locks no leit. It wie eins it einpunt foar in 3 km lange rige wetterfallen en streamfersnellings, troch de earste blanken dy't der lânslutsen '''Cascade Rapids''' neamd, dêr't fierder reizgjen de rivier del nei it westen ta hast ûnmooglik wie. Dizze rige wetterfallen en streamfersnellings binne ûntstien tusken 300 en 750 jier ferlyn troch lânferskowings fan 2 bergen oan de Washingtonkant yn de rivier. Dêrby ûntstie yn wêzen in lânbrêge. Dizze lânbrêge waard troch de yndianen de ''Bridge of the Gods'', dat ''Brêge fan de Goaden'' betsjut, neamd. Hy wie sa'n lytse 100 meter heech en brúkt troch de lokale befolking de reivier oer te stekken.''

[[Yndianen]] hawwe hjir al sa'n 11.000 jier wenne en hannele en hja fisken nei [[Salmen|salm]] dy't mei grut oantal omswom yn it wetter krekt ûnder de streamfersnellingswetterfallen (''Cascades''). Doe't [[Lewis en Clark]] hjir yn 1805 en 1806 lânsstrieken murken hja dat ek op. Dy streamfersnellings wiene sa gefaarlik dat dat de reden wie dat jin op it plak fan Cascade Locks libben en net fierder oer de rivier reizgen. Op dit plak wie in foarnaam yndiaansk hannelsplak lykas dy by [[Celilo Falls]]. Lewis en Clark neamden dit gea de ''Grutte streamfersnellings fan de Kolumbia''. Ek lettere hannelers, wêrûnder [[Kebek (provinsje)|Frânsk-Kanadeeske]] pelshannelers fûnen ek út dat it dêrwei hast ûnmooglik wie en reizgje fierder. Nei it reekommen fan it [[Barlowpaad]] koe men de [[Delling fan Willamette]] better berikke.

John Freemont, dy't in kapitein yn't leger wie, ferwiisde yn syn reisferslach nei de wetterfallen as ''The Great Cascades'' en neamde it berchtme ''The mountains at the cascades '', dat ''bergen by de wetterfallen'' betsjut. Letter waard dit ferkoarte ta de ''Cascades Mountains''.

Yn 1853 ûntstie hjir in doarp dêr't blanken en yndianen allyk meiïnoar wennen. Dizze mienskip krige de namme ''Whiskey Flats''.

Nei it reekommen fan it [[Barlowpaad]] koe men de [[Delling fan Willamette]] better berikke. Mar dizze toldyk wie dochs dreech om fracht te ferfieren, dus men hie de foarkar oan ferfier oer de rivier. Nei lang oanstrunen fan de lokale befolking en oerheid, karde it [[Amerikaansk Kongres|Amerikaanske kongres]] it oanlizzen fan in kanaal mei slûzen njonken de rivier goed yn 1875. De bou sette út ein yn 1878 en it wie ree op 5 novimber 1896. De namme fan it doarp wie feroare nei ''Cascade Locks'', ferwizend nei de slûzen. Yn de tachtiger jierren fan de 19e iuw waard der in spoarwei by it plak oanlein. Yn 1922 wie de [[Historic Columbia River Highway|Columbia River Highway]] klear en yn 1926 waard in stielbrêge oer de rivier oanlein. Dizze brêge waard nei de natoerlike brêge; Bridge of the Gods neamd.

Yn 1935 waard it plak offisjeel in stêd. Yn 1938 kaam de nije [[Bonnevilledaam]] ree. Dizze [[keardaam]] waard 4 km delstream oanlein en doe ûntstie de Bonnevillemar. De wetterfallen strûpten doe ûnder wetter.

Ek de houtyndustry wie warber yn it plak, mar rûn tebek yn de tachtiger jierren fan de foarige iuw nei de waaksende tsjinstân tsjin houtkappen en ek trochdat de kleau fan de Kolumbia in beskerme gebiet waard.

[[Kategory:Plak yn Hood River County (Oregon)|Hood River County]]