Slûs: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
L Ieneach fan 'e Esk moved page Syl to Slûs over redirect: dizze side giet oer it ferskynsel slûs yn it algemien; in syl is in spesifyk soarte slûs
L red
Rigel 1:
[[Ofbyld:DokkumerNijeSilen.jpg|thumb|300px|Dokkumer Nije Silen.]]
[[Ofbyld:Boomhöhl un Ständersiel.JPG|thumb|300px|Lofts in holle beamstam ([[pomp]]), rjochts in ienfâldige sylslûs.]]
In '''sylslûs''' is in ynstallaasje om oerflaktewetter yn ien rjochting tsjin te hâlden. It wurdt is besibbe oan it tiidwurd ''sipelje'', wat ‘trochlitten fan wetter’ betsjut.
 
== Oarsprong ==
Fan oarsprong is in sylslûs neat oars as in weromslachklep yn in wetter (sjoch ek: [[pomp]]), dy’t iependrukt wurdt as it wetter fan ien kant streamt, as ticht as it fan de oare kant komt. Sa'n soarte slûs hjit ek wol in '''syl''' In foarbyld dêrfan wie de [[Jirnsummersyl]].
 
== Kearslûs ==
Lettere sylenslûzen krigen ek oare funksjes. Sa wurde silen brûkt om feartwetter op nivo te hâlden. Sa'n sylslûs, in '''kearslûs''', kin ek iepen set wurde, by lykwetter, wêrtroch skippen troch de sylslûs komme kinne. Foarbylden dêrfan binne de silen yn de feanfearten.
 
== Spuislûs ==
In syl yn in [[seedyk]], dy't by leech wetter it binnenwetter spuit, hjit wol in '''spuislûs'''. By de slûsdoar wetter wurdt de klep iependrukt troch it binnenwetter; by floed drukt it seewetter de slûsdoar wer ticht. Yn Nederlân lizze de [[polder]]s sa leech dat hast al dit soarte silen ferfongen binne troch [[gemaal|gemalen]]. Oan de Dútske Waadkust wurkje de measte silen noch hieltiten. It is dêr al sa dat silen faak earst iepene wurde as der genôch wetter efter stiet, dat it wetter de haven bûten it syl útspielt. Sa kin de haven it sân dat troch de [[Waadsee]] nei de floed efterlitten is wer kwyt wurde.
 
=== NederlandNederlân ===
In soad plakken yn [[Grinslân]] en [[Fryslân]] ûntliene harren namme oan in syl.
 
Rigel 51:
*[[Tersoalster Syl]]
 
=== Dútslân ===
[[File:Bensersiel-hafen.JPG|thumb|250px|Haven fan Bensersiel]]
Ek yn [[Noard-Fryslân|Noard-]] en [[East-Fryslân]] einigje in protte plaknammen op ''-syl'', wat dan yn it Dútsk as ''-siel'' skreaun wurdt.
Rigel 69:
* Westeraccumersiel
 
=== Feart ===
In syl is ek wol in [[feart]] foar de ôffier fan wetter. De [[Syl (Súd-Hollân)|Syl]], yn Súdhollân, is in sydtûke fan de [[Alde Ryn]]. En yn âlde [[Hollân]]ske stêden binne silen meastentiids smelle, faak ek oerklûze, dwersferbinings tusken parallel rinnende grêften. Sokke silen wurde brûkt foar it [[skuorjen fan grêften|skuorjen]]: it trochspielen fan de wetters om dy te ferfarskjen.
 
== Sjoch ek ==
*[[Sylhavensylhaven]]
 
== Keppeling om utens ==
* {{Wikiwurdboek|syl}}
 
[[kategory:Slûs| ]]
[[Kategory:Toponimy]]
[[kategory:Histoaryske geografy]]