Pornografy: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
L +plaatsje
L red
Rigel 1:
[[File:XXX P icon.png|thumb|De beneaming ''XXX'' (útspr.: ''triple X'') wurdt wrâldwiid brûkt as oantsjutting foar pornografy.]]
'''Pornografy''' (gauris ferkoarte ta '''porno''') is it eksplisite portrettearjen fan [[seksuële mienskip|seksuële]] ûnderwerpen troch it gebrûk fan in breed skala oan media, lykas tekst, tekenings, [[animaasje]], [[byldhoukeunst]], [[fotografy]], lûdsopnamen, [[film]], [[fideo]] en [[fideospultsje|fideospultsjes]]. De term tsjut inkeld op it fêstlizzen fan seksuële dieden, en net op dy seksuële dieden sels. Pornografy moat net betize wurde mei [[erotikaerotyk]], wêrmei't it portrettearjen fan seksualiteit as neistribjen fan [[keunst]] bedoeld wurdt en dat dêrnjonken ek omtinken skinkt oan gefoelens en emoasjes, wylst it by pornografy poer om 'e fysike dieden draait, mei faak in heech sensaasjegehalte.<ref>Gehrke, William J., ''Erotica is Not Pornography'' (tech.mit.edu).</ref> Sljochtwei [[neakenfotografy]] kin allikemin beskôge wurde as pornografy, mei't it miskien wol in seksueel doel tsjinnet, mar der gjin seksuële die as sadanich by fêstlein wurdt.
 
Pornografy komt foar yn in grut tal ûnderskate foarmen. It wurd "pornografy" is ôfkomstich út it [[Gryksk]], mar krong pas yn 'e twadde helte fan 'e njoggentjinde iuw yn 'e measte [[West-Jeropa|Westjeropeeske]] talen troch. It ferskynsel sels bestiet al sûnt minskewitten, sij it dat it pas yn 'e [[Fiktoriaanske Tiid]] syn hjoeddeiske foarm krige, foar in grut part ek om't it doe foar it earst as sadanich by de wet ferbean waard. Sûnt de ein fan 'e sechstiger jierren is pornografy yn frijwol alle Westerske lannen legalisearre, al ferskilt de persize byldfoarming en maatskiplike reäksje per lân. Hjoed de dei giet der foar miljarden om yn 'e pornoyndustry, wat dy bedriuwstûke op guon plakken bot ynfloedryk makket.
Rigel 38:
** pornografy mei readhierrige aktrises (''readheads'')
* op grûn fan it oantal akteurs/aktrises:
** [[groepsseksgroepseks|groepspornografy]]
** orgypornografy (''orgy'')
** [[trio (seksualiteit)|trio-pornografy]] (''threesome'')
* op grûn fan 'e hoedanichheid fan 'e akteurs/aktrises:
** alternative pornografy (''alt porn''; mei as dielnimmers [[gothics]], [[punkers]] ensfh.)