Tekenfilm: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
L red
L red
Rigel 1:
[[Ofbyld:Gol nhein.gif|thumb|150px|Foarbyld fan in koart tekenfilmke]]
[[File:How Animated Cartoons Are Made (1919).webm|thumb|''How Animated Cartoons Are Made'' (1919)]]
In '''tekenfilm''', offaak ek wol '''[[animaasjefilm]]''' neamd (hoewol't dat begryp eins breder is), is in [[film]] dêr't elts byld apart fan tekene is. Foarhinne waard soks allegear mei de hân dien, mar tsjintwurdich set men der faak [[kompjûter]]s foar yn. Tekenfilms dy't mei de kompjûter makke binne, wurde [[kompjûtertekenfilm]]s (of kompjûteranimaasjefilms) neamd.
 
Om't der in protte wurk yn sit en tekenje tweintich bylden foar eltse [[sekonde]] fan tekenfilm, wurdt in grut part fan de tekenfilms troch grutte [[tekenfilmstudio]]'s makke. As in film in súkses wie, makke de studio faak in rige fan koarte films mei deselde haadpersoan. Sokke tekenfilmfigueren waarden faak bekender as de lange films fan de studio's. Mei de komst fan de tillefyzje kaam der ek mear romte foar dy koarte films, en guon rigen waarden net mear foar de bioskoop makke, mar allinne foar tillefyzje-ústjoering. Njonken dy tekenfilmrigen, kamen oer de ferneamste figueren sels tekenteltsjeblêden út.