Punt fan Reide: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
No edit summary
No edit summary
Rigel 1:
[[Ofbyld:Punt van Reide1.jpg|thumb|250px|''Punt fan Reide yn 2011]]
[[Ofbyld:Punt van Reide.jpg|thumb|250px|''Punt fan Reide ± 1930'']]
De '''Punt van Reide''' is eenin [[skiereilân]]tsje, dat tusken de [[Dollard]] en de [[Iems]], by [[Termuntersyl]] leit. De lântonge is sa'n 3 kilometer lang, oant 800 m. en stekt oant 2.4 meter boppe NAP út.
 
De Punt is in oerbliuwsel fan de [[Kwelderwâl|ouwerwâl]] fan de Iems dy't net fan stoarmfloeden fuortslein is. Hjir leine eartiids twa op: [[Oosterreide|Ooster-]] en [[Westerreide]]. It skiereilân bestiet meast út [[kwelder]]s. Oan de ein lizze twa [[Terp|wierden]]. Neffens de 17e iuwske histoarikus [[Ubbo Emmius]] rûn de [[Reider Ie]] (it ferlingde fan de WesterwoldseWesterwoldske Aa) tusken de beide doarpen Ooster- en Westerreide troch. It ferneamde Dútske kleaster [[Abdij Werden|Werden]] oan de Roer hie sûnt de njoggende of tsiende iuw besit yn Oosterreide. Dit guod hiene hja fermoedlik krige troch de preker [[Liudger]] dy't yn de Grinslanner kuststreek missywurk dien hie. ''Werden'' hie ek it patronaatsrjocht fan de tsjerke fan Oosterreide. Yn [[1256]] waard dit rjocht oerdroegen oan it kleaster fan [[Kleaster Palmar|Palmar]].
 
Fan [[1580]] oant [[1594]] leinen der twa [[Skâns|skânsen]], de iene op it plak fan Westerreide ([[Reiderskâns]]) en de oare 240 m fierder nei it easten. De doarpen wienen doe al ferdwûn. Sa kaam it dat de skâns op it [[tsjerkhôf]] fan Westerreide oanlein wurde koe. Op 24 juny 1589 waarden beide skânsen troch greve [[Willem Loadewyk]] ferôvere en waard der ien fan makke mei fjouwer [[bastion]]s. Fan 1591 oant 1594 hie de festing rjocht fan muntslach. Yn [[Reide]] stie fierders oant it begjin fan de [[16e iuw]] in nonnekleaster fan de [[Augustineroarder]]. It kleaster hie dêr yn alle gefallen sûnt [[1376]] stien.