Dronryp: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
kt
Rigel 37:
Dronryp waard foarhinne wol "it Fryske Rome" neamd, net om't men der sa [[roomsk-katolisisme|roomsk]] is (al is it noch altyd wol ien fan 'e meast roomske doarpen fan Fryslân), mar om't it krekt as [[Rome (stêd)|Rome]] boud wie op sân [[heuvel]]s, al wiene dy "heuvels" yn Fryslân fansels [[terp]]en. It is net bekend wannear't Dronryp stifte waard, mar dat moat foàr Kristus west hawwe, mei't by [[archeology]]ske opgravings yn 'e ûnderskate terpen in grut ferskaat oan âldheden út 'e [[Romeinske Ryk|Romeinske tiid]] út 'e grûn helle is. Sa kaam by De Puollen geometrysk fersierd [[ierdewurk]] foar 't ljocht dat datearre wurde moat om it begjin fan 'e jiertelling hinne, en smieten de beide Hatsumer terpen (de iene benoarden en de oare besuden it spoar) mar leafst 451 resp. 256 ferskillende Romeinske fynsten op. Dêrûnder wiene in itensiederspot, in gielgoudene [[fingerring|ring]] út 'e [[trêde iuw]], in byldsje fan 'e [[Romeinske mytology|Romeinske oarlochsgod]] [[Mars (god)|Mars]] en fierders [[dakpanne]]n by 't kroadfol.
 
Yn 'e [[Midsiuwen]], doe't yn 'e measte Fryske doarpen ien inkeld [[haadling]]elaach foar master opsloech, lei dat yn Dronryp justjes oars. Der wiene teminsten sân [[state]]s: Fetsa-[[Fetsastate]], [[Grut Dotinga-Dotingastate]], Osinga-[[Osingastate (Dronryp)|Osingastate]] en [[Hobbemastate]] yn of fuort by de buorren, [[Foppingastate]] oan 'e súdkant fan 'e âlde [[Harnzer Trekfeart]], [[Glinstrastate (Dronryp)|Glinsstate]] (ek wol it Blauhûs neamd) by De Puollen, en [[Hommemastate]] op Hatsum. Om't men sadwaande yn Dronryp tichter op in protsje siet as dat op oare plakken wenst wie, moast der ek better gearwurke wurde om mei-inoar troch de tiid te kommen. Dat liket wûnderwol slagge te wêzen, mei't út 'e saneamde [[benifysjaalboek]]en fan it doarp bliken docht dat frijwol alle (lukrative) tsjerklike amten yn it doarp út 'e eigen rûnte wei beset waarden.
[[File:Dronrijp.Vredenhof.JPG|left|thumb|250px|It âldste diel fan it [[gasthûs]] "Vredenhof", oan 'e Dûbelestreek.]]