Kawennáhere Devery Jacobs: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
L + foto, bytsje red
Rigel 1:
{{Akteur
| ôfbylding = Kawennahere Devery Jacobs.jpg
| ôfbyldingstekst =
| ôfbyldingsbreedte = 170px
| echte namme = Kawennáhere Devery Jacobs
| nasjonaliteit = [[File:Flag of Canada.svg|20px]] [[Kanada|Kanadeesk]]
Rigel 13:
| webside = ''gjint''
}}
'''Kawennáhere Devery Jacobs''', ek wol koartwei '''Devery Jacobs''' neamd ([[Kahnawake]], [[8 augustus]] [[1993]]), is in [[Kanada|Kanadeesk]] [[tillefyzje]]-, [[film]]- en [[toaniel]][[aktrise]] fan [[Yndianen|Yndiaansk]] [[komôf]].
 
==Libben en karriêre==
Jacobs waard [[berne]] yn [[1993]] yn it [[Kahnawake Mohôk Territoarium]], in [[Yndianereservaat]] yn it suden fan 'e [[Kanada|Kanadeeske]] [[Kanadeeske provinsjes|provinsje]] [[Kebek (provinsje)|Kebek]]. [[Etnyske groep|Etnysk]] heart hja ta de [[Mohôk (folk)|Mohôk]] (''Mohawk''), in subgroep fan 'e [[Irokezen]]. Lykas in grut diel fan 'e jongerein yn 'e reservaten yn Kanada en de [[Feriene Steaten]] hie se in drege jonkheid, en kaam se ferskate kearen yn oanrekking mei justysje. Uteinlik bedarre se by in korreksjoneel ynterfinsjeprogramma oan it [[John Abbott Kolleezje]], in [[Ingelsk]]talige [[hegeskoalle]] yn [[Saint-Anne-de-Bellevue (Kebek)|Saint-Anne-de-Bellevue]].
 
Har earste wurk as aktrise hie Jacobs yn [[2007]] yn 'e [[tillefyzje]]searje ''[[The Dead Zone]]'', in ferfilming fan in boek fan [[horror]]- en [[fantasy]]-[[auteur]] [[Stephen King]]. Se krige in beskate bekendheid mei har rol as Claudia Auditore, yn 'e [[minysearje]] ''[[Assassin's Creed: Lineage]]'', út [[2009]]. Fierders spile se noch yn ferskate oare searjes, de [[film]] ''[[South of the Moon]]'' ([[2008]]) en de [[koarte film]] ''[[The Blanketing]]'' ([[2013]]). Foar har rol as Aila, de liedster fan in [[drugs]]binde, yn 'e film ''[[Rhymes for Young Ghouls]]'' waard se yn [[2013]] op it [[Ynternasjonale Filmfestival fan Toronto]] nominearre foar in ''[[Canadian Screen Award]]'' (de wichtichste filmpriis fan Kanada) yn 'e kategory bêste aktrise. Dat betsjutte foar Jacobs de definitive trochbraak. Yn [[2014]] hie se ien fan 'e haadrollen yn 'e searje ''[[Mohawk Girls (telefyzjesearje)|Mohawk Girls]]''. Teffens wurke se mei oan 'e [[fideoklip]] foar it nûmer ''Sisters'' fan 'e [[band]] ''[[A Tribe Called Red]]''. Jacobs wennet op 't heden yn [[New York (stêd)|New York]].