Politike Partij Radikalen: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
lyts flaterke oanpast.
ofbyld bas de gaay fortman
Rigel 3:
==Skiednis==
Yn de lanlike polityk wurke de PPR faak gear mei de ''PvdA,'' op gemeentlik en provinsjaal nivo waard ek gearwurke mei de lytsere ''Passifistysk Sosljalistyske Partij (PSP'') ûnder de namme [[Progressyf Akkoart]]. Foar de lanlike ferkiezings fan 1971 en 1972 waard diels in mienskiplik program “''Kearpunt''” opsteld troch PvdA, PPR en D66. Hja stribben nei in progressyf kabinet en kamen foar de ferkiezings mei it “''Skaadkabinet Den Uyl''”. By de Twadde Keamerferkzieings fan 1971 helle de PPR twa sitten, wylst hja op mear rekkene hienen.
[[Ofbyld:Bas de Gaay Fortman 1974.jpg|thumb|Bas de Gaay Fortman]]
 
By de ferkiezings fan 1972 makken hja mei listoanfierder [[Bas de Gaay Fortman]] in grutte sprong fan twa nei sân sitten. De partij rjochte har ûnder oaren op ûntwikkelingsgearwurking, miljeu en ûntwapening. De PvdA, PPR en D66 hellen mei har trijen 56 sitten yn de Twadde Keamer en foarmen mei de ARP en KVP it [[kabinet Den Uyl]], it meast linkse kabinet dat Nederlân ea hân hat. De PPR levere de ministers [[Harry van Doorn]] (Kultuer, Rekreaasje en Maatskiplik wurk (CRM) en [[Boy Trip]] (Wittenskipsbelied) en steatssikretaris [[Michel van Hulten]] (Ferkear en Wettersteat). Bas de Gaay Fortman waard de fraksjefoarsitter yn de Twadde Keamer.