Jan Giro: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
nij artikel Jan Giro
(Gjin ferskil)

De ferzje fan 24 des 2017 om 16.51

Jan Giro (Jan Smedenga; ferstoarn 29 novimber 2005 op de âldens fan 49 jier) wie in leginde yn it Ljouwerter nacht- en kroechlibben. Hy wie de Nachtboargemaster fan Ljouwert mar wie ek in blues en rock-‘n-roll muzikant yn ieren en sinen. De namme Jan Giro hie er krigen om’t er in skoftsje by de Post- en Girobank wurke. Hy song, spile gitaar en piano, hy wie foaral beinfloede troch de muzyk fan Elvis Presley en Jerry Lee Lewis. Yn de jierren santchich spile er mei Johnny and the Rebels. Yn juny 2001 brocht er in cd út “Rock and Roll in your veins” mei lieten sa as “Lonesome”, “When the blues goes around”en “Baby got me rollin”. Hy spile ek mei Jan Akkerman, Harry “Cuby” Muskee en Normaal. Hy wie ek ferneamd yn it Ljouwerter kroechlibben troch syn freonlikens (neffens de ferhalen hie er foar eltsenien wol in praatsje), syn humor en syn rojale bierkonsumpsje.