Romeinske Ryk: ferskil tusken ferzjes

gjin bewurkingsgearfetting
No edit summary
Rigel 3:
 
== Oarsprong en útwreidzjen ==
It ferskil tuskenmei de Republyk en it Ryk wie benammen fan politike aard. De Romeinske steat is ûntstien út de ''[[polis]]'' fan [[Rome (stêd)|Rome]] yn it gea fan [[Latium]] yn [[Itaalje]], neffens de leginde stifte yn [[753 f.Kr.]] troch [[Romulus en Remus]].
Yn de, neffens de Romeinske oerlevering twahûndertfyftich jier duorjende (753 - 509 f.Kr.) keningstiid, binne der nei Romulus noch seis (gruttendiels legindaryske) keningen west. Yn 509 f.Kr. waard kening [[Tarquinius Superbus]] de stêd útjage. Hy hie troch syn tirannike gedrach in grutte haat oer him ôfroppen. Hjirnei waard de stêd in republyk mei in bjusterbaarlike kriichsmasine (it [[Romeinske leger]]) en in goed rinnend systeem fan ynstellings en wetten. Binnen in pear iuwen waard Itaalje feriene ûnder Romeinske lieding. Dat barde troch bûnsgenoatskippen oan te gean mei buorfolken mar ek troch agressive ekspânsje-oarloggen. Ut Itaalje wei oermastere [[Rome (stêd)|Rome]] it hiele [[Middellânske See]] gebiet. Earst wie [[Kartago]] oan bar, dêrnei waarden de [[hellenisme|hellenistyske]] steaten yn it easten en súdeasten fan de see ûnderwurpen. Op itselde stuit kaam ek West-Jeropa ûnder Romeinsk gesach. It ryk waard dêrtroch sa grut dat de
republikeinske struktueren net mear tarikkend wienen.
39

bewurkings