Presintaasje fan Jezus yn de Timpel: ferskil tusken ferzjes
Content deleted Content added
Nije Side: thumb|250px|''Presintaasje yn de Timpel (John Opie)'' De '''Presintaasje fan Jezus yn de Timpel''' referearret nei it nei de tim... |
No edit summary |
||
Rigel 1:
[[File:John Opie - The Presentation in the Temple.jpg|thumb|250px|''Presintaasje yn de Timpel'' (John Opie)
De '''Presintaasje fan Jezus yn de Timpel''' referearret nei it nei de timpel bringen fan Jezus troch [[Marije (mem fan Jezus)|Marije]] en [[Joazef fan Nazaret|Joazef]] om Him dêr oan God op te dragen. Dêrmei foldiene Marije en Joazef oan de wet dat alle earstberne jonkjes tawijd wurde moasten oan de Heare. It wurdt beskreaun yn it [[evangeelje fan Lukas]]. It feest wurdt op 2 febrewaris, fjirtich dagen nei Kryst, betocht.
Rigel 7:
== Bibel ==
[[File:Aert de Gelder - Het loflied van Simeon.jpg|thumb|left|250px|''It lofliet fan Simeon'', [[Aert de Gelder]]
Neffens de wet fan [[Moazes]] moast eltse earstberne soan him yn de timpel sjen litte oan God. Om oan de wet te foldwaan gyngen Marije en Joazef fjirtich dagen nei de berte fan Jezus nei de timpel yn Jeruzalim. Hja namen ek in koppel dowen mei as offer. Ynjûn troch de [[Hillige Geast]] gyng ûngefear tagelyk ek de fromme [[Simeon (profeet)|Simeon]] nei de timpel om dêr de Kristus te sjen dy't God ûnthjitten hie. Doe't Joazef en Marije mei de poppe de timpel ynkamen, naam Simeon it bern op 'e earmen en priizge God mei in lofliet. Nei't Simeon de âlden segene hie seid er tsjin Marije: ''Gâns minsken yn Israel sille oer dit jonkje falle en troch Him oereinkomme. Hy is set ta in teken fan God, dat tsjinspraak opropt. Ek troch jo hert sil in swurd gean. Hoe't partij minsken oer him tinke, moat sa oan it ljocht komme.'' Wylst foege ek de âlde profetes [[Anna (profetes)|Anna]] har by it selskip.
Rigel 22:
==== Skiednis ====
[[File:Ambrogio Lorenzetti - Presentazione di Gesù al tempio - Google Art Project.jpg|thumb|250px|left|Presintaasje fan Jezus yn de Timpel (Ambrogio Lorenzetti)]]
Wylst oarspronklik it ferhaal fan Lukas sintraal stie by it feest, waarden der al gau oare saken oan tafoege. De presintaasje fan de Hear, dy't neffens it Nij-Testamintyske krystferhaal yn [[Betlehem]] berne is, waard de earste yntocht fan Jezus yn de [[David fan Israel|David]]stêd Jeruzalim. Neffens in âld gebrûk teagen eartiids alle bewenners fan in stêd harren kening yn 'e mjitte by syn earste yntocht en dat gebrûk waard al gau ek yn de liturgy yntegrearre. Oan de wei fan Jeruzalim nei Betlehem lei in kleaster, dat troch in frou mei de namme Hikelia stifte wie. Hikelia soe de muontsen kearsen meijûn ha, om dêrmei Kristus yn 'e mjitte te rinnen en dêrnei yn prosesje mei Jezus nei de hillige stêd te tsjen. Yn dy leginde woartelt de ljochtprosesje, dy't yn de 8e ieuw ynfierd waard en oant de dei fan hjoed yn katolike tsjerken in fest plak yn de liturgy fan de feestdei ynnimt (sjoch ek Lukas 2:32).
|