Genoatskip foar it Behâld fan it Frjentsjertersk: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
L [[]] oars
L Frise tekst furthaald. Graag kontakt fia genoatskap@gmail.com
Lebels: Leechmeitsjen Fisuële bewurking
Rigel 1:
{{Organisaasje algemien
| ôfbylding =
| ôfbyldingstekst =
| ôfbyldingsbreedte =
| namme = <font color=white> Genoatskip foar it Behâld fan it Frjentsjertersk <br><small>''Genoatskap foar ut Behoud fan ut Franekers''</small> </font color=white>
| ôfkoarting = GBF
| histoaryske namme =
| nasjonaliteit = [[File:Flag of the Netherlands.svg|border|20px]] [[Nederlân]]sk
| type org. = [[feriening]]
| wurkmêd = [[Frjentsjertersk|Frjentsjerter]] [[dialekt]] fan it [[Stedsk]]
| haadkertier = [[Frjentsjer]] ([[Fryslân]])
| off. taal =
| oprjochte = [[2014]]
| opdoekt =
| fuortkommen út =
| opgien yn =
| oprjochter =
| orgaan =
| tal leden =
| wurknimmers =
| aktyf yn =
| webside = [http://www.genoaten.fr/ www.genoaten.fr]
}}
It '''Genoatskip foar it Behâld fan it Frjentsjertersk''' ([[Frjentsjertersk]] en offisjeel: '''''Genoatskap foar ut Behoud fan ut Franekers''''') is in [[Fryslân|Fryske]] [[feriening]] dy't yn [[2014]] oprjochte is troch in stikmannich [[Frjentsjer]]ters en âld-Frjentsjerters mei grutte belangstelling foar (en soarch om) it [[Frjentsjertersk|Frjentsjerter]] [[Stedsk|stedsdialekt]]. Dizze [[organisaasje]] set him yn foar it gebrûk fan it Frjentsjertersk yn 'e breedste sin fan it wurd. It Genoatskip is in besletten feriening; men kin lid wurde op fersyk fan immen dy't al lid is, mar men kin jin ek oanmelde fia de [[webside]] fan 'e feriening. (By wize fan priuwke is dit artikel ek yn it [[Genoatskap foar ut Behoud fan ut Franekers (foarbyldtekst)|Frjentsjertersk te lêzen]].)
 
==Doelstellings==
De leden fan it Genoatskip besykje it Frjentsjerter dialekt sa folle mooglik te promoatsjen troch it te praten en te skriuwen. Se erkenne dat it Frjentsjertersk op ferskate manearen útsprutsen en skreaun wurde kin. It stribjen is om, rekken hâldend mei dy ferskillen, it Frjentsjertersk sa fêst te lizzen yn in ''Franeker Woardeboek'' en de ''Taalgids foar ut Franekers'', dat dy hâldfêst biede kinne oan dejingen dy't it dialekt prate en skriuwe. Dêrta stypje se it útjaan fan [[publikaasje]]s yn it Frjentsjertersk, en organisearje se ferskate aktiviteiten dêr't it Frjentsjertersk de haadrol by spilet.
 
==Publikaasjes==
* ''Taalgids foar ut Franekers''
:Dit is gjin [[learboek]], mar earder in [[neislachwurk]]je. Men kin derút helje dêr't men ferlet fan tinkt te hawwen. Dêrby kin men it bêste fral ôfgean op 'e [[ynhâldsopjefte]]. It is yn it foarste plak net de bedoeling dat brûkers de hiele gids út 'e holle leare, mar mear dat men der op [[yntuysje|yntuïtive]] wize gebrûk fan makket. It boekwurkje is der benammen om ûnwissichheden wei te nimmen, mar it [[biedwurd]] fan it Genoatskip is: ''Franekers bruke komt earst, geef kin altyd nòg''.
* ''Skandebankjes''
:In [[ferhalebondel|bondel]] [[ferhalen|ferhaaltsjes]] dy't allegear te krijen hawwe mei Frjentsjer en it dwaan en litten fan stedsjers dy't omtrint [[1800]] libben. Dat dwaan en litten hat yn dizzen benammen te krijen mei de skaadkanten fan it libben. Men komt dêr yn kontakt mei in oar Frjentsjer en fral ek mei in oar slach Frjentsjerters as yn 'e [[skiednis]]boeken fan Hallema en Algra beskreaun is. Gauris binne it lju dy't by har [[berte]] in ferkeard lotsje lutsen hawwe en sadwaande oan 'e ûnderkant fan 'e [[maatskippij]] besykje te oerlibjen. Mar skyn bedraacht, want ek boppe yn 'e beam hingje rotte apels!
: De ferhalen binne allegear wier bard. Se binne basearre op boarnen dy't bewarre bleaun binne yn 'e [[argyf|argiven]] fan it [[Nedergerjocht]], it [[Hof fan Fryslân]], de [[arrondissemint]]srjochtsbank en de [[Universiteit fan Frjentsjer]], en dy't no op 'e noed binne by [[Tresoar]], yn [[Ljouwert (stêd)|Ljouwert]]. In bysûndere boarne, dy't yn in protte ferhalen in [[humor]]istyske rol spilet, is it bynammeboekje ''De Keutelstoker''. Dy publikaasje, dy't basearre is op in [[hânskrift]] fan [[Paulus Scheltema]], is yn [[1977]] útjûn troch [[Telenga's Drukkerij B.V.]] It omfiemet sawat 600 [[bynamme]]n fan Frjentsjerters tusken rûchwei [[1750]] en [[1825]], en dat is krekt it tiidrek dêr't har de ferhalen út ''Skandebankjes'' yn ôfspylje.
* ''Franeker Woardeboek''
:It [[wurdboek]] fan it Frjentsjertersk is in projekt fan jierren. Oant en mei [[2017]] wiene der goed 6.000 [[wurd]]en ynfierd. It stribjen is in omfang fan 15.000 [[lemma|lemma's]]. It wurdboek sil úteinlik [[ynternet|digitaal]] te rieplachtsjen wêze. Ek no al kin men, fia de webside fan it Genoatskip, meisjen nei de fuortgong fan it ''Franeker Woardeboek'', en men kin sels al de al ynfierde wurden rieplachtsje. Mooglik ferskynt it wurdboek as it reekomt ek yn druk.
 
== Hjoeddeistige projekten ==
* ''Franeker Woardeboek'' (sjoch by [[#Publikaasjes|Publikaasjes]])
* Bynammen
: Yn [[2016]] is it Genoatskip úteinset mei te freegjen nei bynammen foar karakteristike objekten yn Frjentsjer. De bedoeling is dat men dêr in echte Frjentsjerter bynamme foar betinkt. Dêrby sjocht men it leafst in bynamme mei [[spot]]tende, [[irony|iroanyske]] of [[synisme|synyske]] ûndertoan. Mar ek skattige [[poppenamme|poppenamkes]] kinne ynstjoerd wurde. Sa krige ''Renate'', it [[hout]]ene [[stânbyld|byld]] yn it Park as bynamme 'Houten Klaske'.
 
Fierders steane der noch in stikmannich projekten op steapel, lykas"
* it ''Groat Franeker Diktee''
* ''Ferhalen en Gedichten''
* de [[kursus]] ''Franeker Deur en Deur''
 
==Keppelings om utens==
*[http://www.genoaten.fr/ Offisjele webside fan it Genoatskip foar it Behâld fan it Frjentsjertersk]
 
{{boarnen|boarnefernijing=
*[http://www.genoaten.fr/ Webside fan it Genoatskip foar it Behâld fan it Frjentsjertersk]
}}
 
[[Kategory:Fryske kulturele organisaasje]]
[[Kategory:Fryske feriening]]
[[Kategory:Frjentsjer]]
[[Kategory:Stedsk]]
[[Kategory:Organisaasje oprjochte yn 2014]]