Ferskil tusken ferzjes fan "Flannaneilannen"

It romantysk byld fan trije man yn de iensumens fan in isoleare, desolaat eilân sil harres wol ta alternative ferklearrings dien hawwe.
 
Yn hiel it lân waard der oer skreaun: yn kranten, lieten en fersen. Ek resinter hat it foarfal keunstners ynspireare. Yn 1968 naam de popgroep [[Genesis]] de song ''The Mystery of the Lighthouse'' op. [[Peter Maxwell Davies]] (1934–2016) skreau yn 1979 de keameropera ''The Lighthouse'' en fan Angela J. Elliot ferskynde yn 2005 de roman ''Some Strange Scent of Death''.
 
Serieus ûndersyk troch Nicolson yn [[1995]] en troch Hamish Haswell-Smith foar syn boek ''The Scottish Islands'' [[2004]] hawwe einliks neat nijs opsmiten oer de ferdwining fan Ducat, Marshall en McArthur. Mar it lêste wurd sil der noch wol net oer sein wêze.