Tomas fan Kempen: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Rigel 25:
 
==Libben==
Tomas waard berne yn in ienfâldige húshâlding yn it [[Nederryn|Nederrynske]] [[Kempen (Dútslân)|Kempen]], deunby [[Krefeld]], yn it [[Kleverlân]], in krite dy't tsjintwurdich by [[Dútslân]] heart, mar oant de [[achttjinde iuw]] ta de [[Nederlannen]] rekkene waard. Syn eigentlike efternamme wie Hemerken, wat [[Kleverlânsk]] is foar "hammerke" en dat letter ek wol werjûn is yn [[Dútsk]] oersetting as Haemerken, Hämerken of Hammerlein. Syn heit Jan wie in [[hoefsmid]], en syn mem Gertrude in [[skoaljuffer]].
[[Image:Zwolle Begraafplaats Bergklooster Monument Thomas a Kempis.jpg|thumb|left|190px|Monumint foar Tomas fan Kempen by de yngong fan it [[tsjerkhôf]] Berchkleaster yn [[Swol]].]]
 
Yn [[1392]] folge er syn broer Jan nei [[Dimter]] ta, yn it [[Oerstift]] fan it [[bisdom]] [[Utert (bisdom)|Utert]], om dêr nei in heech oanskreaune [[LatynLatynske skoalle]]ske skoalle te gean dy't troch [[mûnts]]en laat waard. Dêre kaam er yn 'e kunde mei de [[Bruorren fan it Miene Libben]], datdy't folgelingen wiene fan 'e spirituële [[Moderne Devoasje]]-beweging fan [[Geert Groote]]. Tomas bleau oant [[1399]] op 'e skoalle yn Dimter.
 
Nei't er de skoalle ferlitten hie, ferfear Tomas nei [[Swol]] om dêr syn broer Jan wer op te sykjen, dy't dêr ûnderwilens [[prior]] fan it [[kleaster]] de Sint-Agnitenberch wurden wie. Dat wie in mienskip fan 'e [[Reguliere Kanunniken]] fan 'e [[Gemeente fan Windesheim]], dy't stifte wie troch de folgelingen fan Groote, dat se libje koene op in mear monastyske wize. Tomas sels trede dêr yn [[1406]] yn as [[kanunnik]], al waard er pas ta [[preester]] wijd [[1413]]. Hy ûntjoech him yn 'e Sint-Agnitenberch ta in warber kopiïst en [[skriuwer]], en [[1429]] waard er ta ûnderprior beneamd.