Presintaasje fan Jezus yn de Timpel: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
RomkeHoekstra (oerlis | bydragen)
Rigel 19:
 
== Liturgy ==
It tsjerklike feest fan de Presintaasje fan de Hear ûnstie yn de 4 ieuw yn Jeruzalim njonken it feest fan de [[Berte fan Jezus]]. De waard al gewach fan makke troch de kristin Egeria, dy't om 400 hinne in pylgerreis makke nei it Hillige Lân en yn har ''Itinerarium Egeriae'' ynformearret oer de kristlike liturgyske praktyk yn Jeruzalim. Oarspronlik wie de dei fêststeld op 14 febrewaris (40 dagen nei de [[Trijekeningen|epifany]] op 6 jannewaris), mar fan ôf de 6e ieuw ferskode it feest nei 2 febrewaris (40 dagen nei it heechfeest fan de Berte fan Jezus op 25 desimber). Op it feest fan de Presintaasje fan de Hear wurde yn katolike tsjerken oan it begjin fan de misse de kearsen segene en oanslutend in ljochtprosesje mei baarnende kearsen holden. De prosesje symbolisearret de yntrede fan Kristus, it Ljocht fan 'e Wrâld, yn de timpel fan Jeruzalim. De lokale parochytsjerke symbolisearret hjir de hillige stêd Jeruzalim, dêr't Kristus oanwêzich is. Sa moetsje de dielnimmers oan de prosesje by de yntocht yn de tsjerke Jezus en begeliede se it kommen fan Jezus yn ús wrâld mei it ljocht fan de kearsen.
 
==== Skiednis ====