Himriksmole: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
kt
L red
Rigel 1:
[[Ofbyld:Hemriksmole.jpg|right|thumb|220px|De Himriksmole yn 2008]]
De '''Himriksmole''' is in mealreeë [[spinnekopmole]] dy't oarspronklik om 1600 hinne boud waard foar it bemeallen fan de ''Himrikspolder'' by [[Huzum]]. Yn [[1952]] waard de mole oerbrocht nei [[Ryptsjerk]], wêr't hy in skoft yn de buert fan pleats ''Wielsicht'' tichtby de [[Ryptsjerkster Feart]] stie. De Himriksmole waard yn 1976 fersetten nei syn hjoeddeiske plak yn it natuer- en rekreaasjegebiet [[De Griene Stjer (rekreaasjegebiet)|De Griene Stjer]], wêrdêr't hy tsjinst docht as ynmealler. Sûnttids wurdt hy ek wol '''De Griene Stjer''' neamd. Troch brânstifting waard de Himriksmole yn [[1995]] hast hielendal ferwoaste, mar hy waard it jier dêrop werboud.
 
Fan 1971 oant 1979 wie de Himriksmole yn it besit fan de [[Stifting De Fryske Mole]]. Tsjintwurdich is hy eigendom fan de [[Ljouwert (gemeente)|gemeente Ljouwert]]. De mole is te besichtigjen as er draait.