Deep Purple (band): ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
L + kous
L Redteketet
Rigel 1:
[[Ofbyld:DEEP PURPLE LIVE AT BOSPOP 2004.jpg|thumb|270px|Deep Purple live in 2004]]
 
'''Deep Purple''' is in [[rockband]] dy’t yn 1968 oprjochte is troch [[Jon Lord]] (oargel en piano) en [[Ritchie Blackmore]] (gitaar). It wie ien fan de meast ynfloedrike hardrock bandshardrockbands fan de jierren santich. Hoewol ’tHoewol’t der in grut tal wikselingen west hawwe yn de besetting, bestiet de band noch hieltyd.
 
===Skiednis===
Jon Lord en Ritchie Blackmore gongen yn 1968 gearwurkjen mei [[Ian Paice]] (drums), Nick Simper (bas) en Rod Evans (sang) . Hja feroaren de namme fan Roundabout yn Deep Purple. Under dy namme brochten hja twa albums út, “Shades of Deep Purple” en “The Book of Taliesyn”. Op dy albums steane sawol eigen komposysjes as covers[[cover]]s fan oaren, dêr’t hja in hiel eigen ynterpretaasje oan joegen, sa as ''Hush'' (fan Joe South), ''Kentucky Woman'' (skreaun troch Neil Diamond), ''River Deep Mountain High'', ''Help'' en "''We can work it out'' (Lennon en McCartney). Yn 1969 kamen [[Roger Glover]] (bassist) en [[Ian Gillan]] (sjonger) by de band. It earste album dat hja yn dizzedy besetting opnamen, wie “Concerto for Grop en Orchestra”, in komposysje fan Jon Lord dy’t útfierd waard mei it Royal Philharmonic Orchestra.
 
Dêrnei brochten sy it earste hardrock album út, “Deep Purple in Rock”. HjirmeiDêrmei krigen hja sawol kommersjeel as artistyk in soad sukses. Op dit album steane in oantal swingende rock lietenrocklieten, sa as ''Speed King'', ''Into the Fire'' en ''Hard Lovin’ Man''. It bekendste liet fan dit album is ''Child in Time'', dat lang alle jierren by de boppeste fiif stietstie fan de Top 2000 fan Alle Tiden. Nei it folgjende album “Fireball” waard in live -album opnaam yn Japan, dêr ’tdêr’t hja ek in soad sukses hienen. It album “Machine Head” wie ek hiel suksesfol, mei ûnder oaren de grutte hit ''Smoke on the water''. Dat giet oer in brân yn Montreux. De band wie dwaande om dêr in nij album op te nimmen, doe’t der brân útbruts tidens in konsert fan [[Frank Zappa]] troch dat in taskôger in fjoerpylk ôfskeat.
 
Nei de opnames fan it album “Who Do We Think We Are” (1973) stapten Ian Gillan en Roger Glover út de band. Hja waarden ferfongen troch sjonger [[David Coverdale]] en bassist/sjonger [[Glenn Hughes]]. Yn dy besetting naam de band twa albums op, “Burn” en “Stormbringer”. Mei dizzedy muzikanten gong Deep Purple wat mear yn de rjochting fan de blues en soul. Op it folgjende album “Come Taste the Band” wie Ritchie Blackmore der ek net mear by. Foar him yn it plak spile de gitarist Tommy Bolin mei. Nei al dizze feroaringen hienen de oerbleaune bandleden der gjin nocht mear oan en stoppe de band.
 
Yn 1980 kamen hja wer by elkoar en namen it album “Perfect Strangers” op. Nei in skoftsje stapte Ian Gillan wer op, mar letter kaam hy dochs wer werom. Sa gong it noch in skoftsje troch mei ferskate wikselingen. Ritchie Blackmore is yn 1993 út de band stapt en spilet no tegearre mei syn frou Candice Night yn de groep Blackmore’s Night dy’t foaral Middeliuwske muzyk makket. Jon Lord woe him mear dwaande hâlde mei klassike muzyk. Hy is nei in sykte ferstoarn yn 2012. De band bestiet noch hieltyd en hat yn 2017 noch in nij album “Infinite” útbrocht. De hjoeddeiske besetting fan de band is Ian Gillan (sjonger), [[Steve Morse]] (gitaar), [[Don Airey]] (toetsynstruminten), Roger Glover (bas) en Ian Paice (drums).
 
===Diskografy===
 
* Shades of Deep Purple (1968)