Deep Purple (band): ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
L Redteketet
Noch in plaatsje set
Rigel 3:
'''Deep Purple''' is in [[rockband]] dy’t yn 1968 oprjochte is troch [[Jon Lord]] (oargel en piano) en [[Ritchie Blackmore]] (gitaar). It wie ien fan de meast ynfloedrike hardrockbands fan de jierren santich. Hoewol’t der in grut tal wikselingen west hawwe yn de besetting, bestiet de band noch hieltyd.
 
===Skiednis===
[[Ofbyld:Deep Purple (1985).jpg|thumb|Deep Purple by in optreden yn ''Cow Palace'', [[San Fransisko]] (1985)]]
Jon Lord en Ritchie Blackmore gongen yn 1968 gearwurkjen mei [[Ian Paice]] (drums), Nick Simper (bas) en Rod Evans (sang). Hja feroaren de namme fan Roundabout yn Deep Purple. Under dy namme brochten hja twa albums út, “Shades of Deep Purple” en “The Book of Taliesyn”. Op dy albums steane sawol eigen komposysjes as [[cover]]s fan oaren, dêr’t hja in hiel eigen ynterpretaasje oan joegen, sa as ''Hush'' (fan Joe South), ''Kentucky Woman'' (skreaun troch Neil Diamond), ''River Deep Mountain High'', ''Help'' en "''We can work it out'' (Lennon en McCartney). Yn 1969 kamen [[Roger Glover]] (bassist) en [[Ian Gillan]] (sjonger) by de band. It earste album dat hja yn dy besetting opnamen, wie “Concerto for Grop en Orchestra”, in komposysje fan Jon Lord dy’t útfierd waard mei it Royal Philharmonic Orchestra.