Prêrjewolf: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
L red
Rigel 19:
De '''prêrjewolf''' of '''koyote''' ([[Latyn]]ske namme: ''Canis latrans'') is in [[sûchdieren|sûchdier]] út it [[skift]] fan 'e [[rôfdieren]] (''Carnivora''), de [[famylje (taksonomy)|famylje]] fan 'e [[hûneftigen]] (''Canidae'') en it [[skaai (taksonomy)|skaai]] fan 'e [[hûnen]] (''Canis''), dat lânseigen is yn it grutste part fan [[Noard-Amearika]] en teffens yn [[Midden-Amearika]]. De prêrjewolf is in stik lytser as de [[grize wolf|wolf]] (''Canis lupus''), dêr't er net mei betize wurde moat. Fanwegen syn lichemsgrutte en de [[ekology]]ske [[nys]] dy't er ynnimt, wurdt dit bist ek wol de '''Amerikaanske jakhals''' neamd.
 
De prêrjewolf ûntjoech him lykwols ûnder it [[Pleistoseen]], sa'n 1,8 miljoen jier lyn, yn [[Noard-Amearika]], en is nauwer besibbe mei de wolf as mei de [[jakhalzen]] fan [[Afrika]] en [[Jeraazje]]. Oars as dat mei de wolf it gefal is, hat de prêrjewolf krekt baat ûnderfûn fan 'e opmars fan 'e [[minske]], û.m. om't er him maklik oanpast oan it libben yn [[stêd]]en en oare troch de minske makke [[biotoop|biotopen]], en teffens om't de minske op in protte plakken war dien hat om 'e wolf út te rûgjen, watdy't de grutste natuerlike konkurrint en fijân fan 'e prêrjewolf is. De prêrjewolf spilet fierders in wichtige rol yn 'e [[mytology]] fan ferskate [[Noard-Amearika|Noardamerikaanske]] [[Yndianen|Yndiaanske]] [[folk]]en, yn 'e foarm fan [[Koyote (mytology)|Koyote]], in [[godheid]] en [[trickster]].
 
==Namme==