Reade Fries: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
No edit summary
No edit summary
Rigel 1:
[[image:Fries rood bonte tweeling.JPG|thumb|Read fryskeFryske twaling]]
De '''Reade Fries''' is in earder Frysk koweras. Foar 1800 wie it moade om readbûnte [[Ko|kij]] te hawwen yn [[Fryslân]]. It ras stiet bekend om syn sterke bespiering en in ridlike molkeproduksje mei in goed fet- en aaiwytgehalte. Boppedat libbet it ras lang. Yn de [[19e iuw]] feroare de foarkar nei in swartbûnte kleurstelling. De fraach nei [[Frysk-Hollânsk (ko)|Frysk-Hollânsk swartbûnte kij]] waard grutter. Tusken 1940 en 1960 wie dat it foarnaamste koweras yn'e wrâld. Nei 1960 begûn it fokken met Amerikaanske bollen. De readbûntfokkers brûkten it ras [[Red-Holstein]] om de molkeproduksje te ferheegjen. De Reade Fries begûn út te stjerren. Yn 1994 wiene der gjin readbûnte bollen mear allinnich noch guon mei Frysk-Hollânske âlden, noch wol in tsiental kij. It sie fan de lêste Reade Friesbolle mei de namme Kei, is opslein yn de Hollânske genebank. Troch Kees Iepema is doe de 'Stifting ta Behâld fan it Readbûnte Fryske Fee' oprjochte. Doel is om troch opkeapjen fan de lêste ôfstammelingen rassuvere neikommelingen werom te fokken. Der wurdt ek besjoen oft de Reade Fries ynsetten wurde kin yn [[natoergebiet]]en fan [[It Fryske Gea]]. Sa wurdt it erflike materiaal op natuerlike wize bewarre. Mocht der letter ferlet wêze fan eigenskippen fan de Reade Fries, dan is it materiaal beskikber en bliuwt ek in stikje fan it Fryske libbene erfgoed sichtber.
 
Rigel 5:
 
*[http://www.friesroodbont.nl/home www.friesroodbont.nl]
*[http://www.youtube.com/watch?v=f9LDZsl6q7E Read fryskeFryske twaling]
 
[[Kategory:Koweras]]