Jeropide ras: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
No edit summary
L red
Rigel 1:
It '''jeropide ras''', '''europide ras''' of '''blanke ras''' is ien fan 'e trije [[ras (klassifikaasje fan minsken)|haadrassen]] fan 'e [[minske|minsklike]] [[soarte]], neffens in no fierhinne efterhelle klassifikaasjesysteem op grûn fan lichaamlike skaaimerken dat fral yn 'e [[njoggentjinde iuw|njoggentjinde]] en de iere [[tweintichste iuw]] frij algemien yn gebrûk wie. It wurd "jeropide" (of "europide") kombinearret de stam "[[Jeropa]]" (of "Europa"), mei de útgong "-ide", dy't "lykjend op" betsjut. Hoewol't it ûnderwilens folslein dúdlik wurden is dat der binnen de minske as [[biology]]ske [[soarte]] gjin wiere [[taksonomy]]ske ûnderskieden besteane, en dat alle libbene minsken ta deselde soarte en itselde [[ras (taksonomy)|ras]] hearre, wurdt de term "ras" as ûnderskie fan [[hûdskleur]] bûten [[wittenskip]]like fermiddens noch gauris brûkt, al wurdt it eigentlike wurd "ras" dêrby oer it algemien ferfongen troch [[eufemisme]]n as "rasiale eftergrûn" of "etnyske groep". Ien wittenskiplik mêd dat noch wol gebrûk makket fan 'e âlde oantsjuttings fan [[ras (klassifikaasje fan minsken)|ras]], is dat fan gerjochtlike [[lykskôging]]s, om't it no ienris sa is dat de minsklike "rassen" justjes faninoar ferskillende fysike trekken hawwe, dy't fral ta utering komme yn it gesicht. Sa hawwe leden fan it jeropide ras oer it algemien in wat ovaler antlit, mei in útstekkender noas en tinnere lippen.
 
==TradisjoneleTradysjonele yndieling==
Ta it jeropide ras waard behalven de befolking fan it grutste part fan [[Jeropa]] ek de wat dûnkerder tinte folken fan [[Noard-Afrika]], it [[Heine Easten]] en [[Yndia|Noard-Yndia]] rekkene. Dêrby ynbegrepen wiene (op grûn fan dúdlike sibskip mei de [[Arabieren]]) ek de [[Etioopje|Etiopyske]] folken en guon oare Afrikanen mei in dûnkere hûdskleur, lykas de [[Somaliërs]]). Party Jeropeeske folken, lykas de [[Turken]], [[Finnen]] en [[Hongaren]], waarden lykwols wer net ta it jeropide ras rekkene. De yndieling fan dit ras wie sadwaande rûchwei sa:
* it jeropide ras