Ferskil tusken ferzjes fan "Oprah Winfrey"

L
+ Cecil B. DeMille Award
L (+ Cecil B. DeMille Award)
[[File:FEMA_-_15330_-_Photograph_by_Andrea_Booher_taken_on_09-09-2005_in_Texas.jpg|right|thumb|250px|Winfrey besiket lju út [[New Orleans]], nei de evakuaasje fan dy stêd fanwegen de [[orkaan]] [[Orkaan Katrina|Katrina]], yn [[2005]].]]
 
Los fan sokke programma's hat Winfrey har as persoan ek goederjousk toand. Sa skonk se $10 miljoen oan 'e húsfêsting fan 'e lju dy't yn [[2005]] foar de [[orkaan]] [[Orkaan Katrina|Katrina]] [[New Orleans]] ûntflechtsje moasten en jierrenlang net weromkoene om't har huzen ferwuostge wiene troch de mei de stoarm mank geande oerstreaming. Tsjin [[2012]] hie se 400 stúdzjebeurzen útkeard foar kânsearme studinten oan it Morehouse Kolleezje yn [[Atlanta]]. Dat jiers hie se yn totaal al $400 miljoen oan ûnderwiisprojekten útjûn. En yn [[2013]] joech se $12 miljoen oan it [[Nasjonaal Museum foar Afro-Amerikaanske Skiednis en Kultuer]] fan it [[Smithsonian Ynstitút]] yn [[Washington, D.C.]] Foar har [[filantropy]] krige Winfrey yn [[2002]] de ''Bob Hope Humanitarian Award'', in eare-''[[Emmy Award|Emmy]]'', en yn [[2011]] de ''Jean Hersholt Humanitarian Award'', in eare-''[[Oscar]]''. Yn [[2013]] krige hja út 'e hannen fan presidint [[Barack Obama]] de [[Presidinsjele Frijheidsmedalje]], de heechste Amerikaanske net-militêre ûnderskieding. Letter dat jier waard har troch de prestizjeuze [[Universiteit fan Harvard]] in [[earedoktoraat]] takend. Yn [[jannewaris]] [[2018]] waard Winfrey fierders foar har hiele karriêre de [[Cecil B. DeMille Award]] jûn, de [[oeuvrepriis]] fan 'e [[Golden Globes]].
 
==Keppelings om utens==