Ham (sjimpansee): ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
No edit summary
No edit summary
Rigel 18:
Ham waard op [[31 jannewaris]] [[1961]] troch de [[FSA|Amerikanen]] de romte yn sketten. Hy fierde in taak út, sadat syn funksjonearjen yn de romte beöardield wurde koe en syn lichemsfunksjes waarden sekuer byholden op Ierde. Hy lâne 16,5 minuten letter yn de [[Atlantyske Oseaan]]. Dat barde fjouwer jier nei't de [[Sovjet-Uny|Russen]] harren hûn [[Laika]] de romte yn brocht hiene. Oars as Laika oerlibbe Ham de romteflecht wol. Yn tsjinstelling ta de Russen brûkten de Amerikanen [[primaten]] by har' testflechten, om sa goed at koe de effekten fan ferbliuwe yn de romte op it minslik lichem foarsizze te kinnen. De Amerikanen hiene earder al, mei wikseljend sukses [[resusaap]]kes en [[deadskopaap]]kes yn de romte brocht.
 
Ham waard yn it wyld berne yn [[Kameroen]], dêr't er troch syn fangers '''Chop Chop Chang'''.<ref>[[Donna Haraway|Haraway, Donna]]. ''Primate Visions: Gender, Race, and Nature in the World of Modern Science'' (New York: Routledge, 1989), 138.</ref><ref>"[http://www.time.com/time/magazine/article/0,9171,872134,00.html The Nearest Thing]", ''Time'', 10 febr 1961.</ref>
neamd waard. Hy waard yn 1959 kocht troch de [[United States Air Force]] en waard grut yn it '''H'''olloman '''A'''rospace '''M'''edical Center. Dêrfandinne ek syn nije namme (H-A-M). Ham waard op de romtereis taret troch de Amerikaanske psycholooch [[Joseph Brady]], dy't earder ek oare apen foar romtereizen treend hie.<ref>[http://www.wsj.com/articles/SB10001424053111903885604576490550514330600 Training door Joseph Brady]</ref> Hy waard lansearre mei in [[Mercury MR-2]]-raket yn it ramt fan it [[Mercury-projekt]]. Nei syn romte-aventuer libbe Ham noch 17 jier yn de nasjonale [[dieretún]] fan [[Washington D.C.]] en dêrnei yn in bistetún yn [[Noard-Karolina]]. Dêr stoar die yn de âldens fan 25 jier oan problemen mei syn hert. Hy waard beïerdige nei obduksje, sûnder syn skelet, by de Space Hall of Fame yn [[Alamogordo]] ([[Nij-Meksiko]]). Kolonel John Stapp hold in lofrede by de betinkingstsjinst. It skelet bedarre yn de kolleksje fan it [[National Museum of Health and Medicine]].
 
Twaënheale moanne nei de flecht fan Ham, op [[12 april]] 1961, lansearren de Russen [[Joeri Gagarin]] as earste minske de romte yn. Noch in moanne letter, op [[5 maaie]] 1961, wie [[Alan Shepard]] de earste Amerikaan yn de romte.