Feest: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
nije side
 
L red
Rigel 1:
[[File:Hipp hipp hurra! Konstnärsfest på Skagen - Peder Severin Krøyer.jpg|right|thumb|250px|''Hyp Hyp Hoera'', in [[skilderij]] fan [[Peder Severin Krøyer]] út [[1888]].]]
In '''feest''' (fan it [[Aldfrânsk]]e ''feste'') is in gearkomste fan in ûnbeskaat tal [[minske]]n mei as bedoeling om mei-inoar in heuchlik barren of in [[hjeldei]] of offisjele [[feestdei]] te fieren. In heuchlik barren kin bygelyks in [[jierdei]], [[houlik]], [[berte]] of [[jubileum]] wêze. In hjeldei kin it [[krystfeest]] of in oare [[religy|religieuze]] feestdei wêze. In offisjele feestdei is bygelyks [[Befrijingsdei]] of [[Keningsdei]]. In feest kin lykwols ek sûnder direkte oanlieding plakfine.
 
Om it feestlike karakter fan 'e gearkomste oan te jaan, is der faak sprake fan [[fersiering]], lykas [[slinger (fersiering)|slingers]] en/of [[lampion]]s. Oare ûnderdielen fan in feest binne gauris it optsjinjen en iten fan [[taart]] of oarsoartich [[gebak]] (yn [[Fryslân]] faak [[oranjekoeke]]); it dragen fan [[feestklean]] of alteast [[ferklaaiersklean]] troch de gasten, en it draaien fan [[muzyk]] of it fersoargen fan live-muzyk. Op [[bernefeest]]en en [[doarpsfeest]]en wurde faak âlde [[spultsje]]s dien, lykas [[koekhappen]] en [[sekrinnen]].
Rigel 37:
[[Kategory:Kultuer]]
[[Kategory:Evenemint]]
[[Kategory:Lienwurd út it Frânsk]]