Ferskil tusken ferzjes fan "Landerum"

gjin bewurkingsgearfetting
 
== Pleatsen ==
It doarp bestiet út in rige pleatsen en wenten oan beide kanten fan de haadwei. Landerum is fanâlds in boeredoarp, mei feehâlderij as grutste ynkomsteboarne. Yn 2006 hie Landerum noch fjouwer feehâlders. De measte pleatsen binne ferboud en geskikt makke foar ferhier fan apparteminten oan toeristen. It eigen type fan de Skylger buorkerij is in fariant op de langhûsbuorkerij. Mei it wendiel en de skuorre mei stâlen en heafekken ûnder in trochrinnende, net dielde kape. It wendiel – de foarein – bestie oarspronklik út in foarkeamer en in binnenkeamer mei bêdstedenbedsteden. Dêrefter kaam de skuorre mei stâlromte, dy‘t oan de sydkant foar de dwersreed iepen is mei in houten útbou, in saneamd ‘skúntsje’ dêr‘t de haaiweinen troch ride koenen. Ien fan de bêst bewarre boerepleatsen fan dit type stiet yn Formearum-Súd, it ‘Spylske Huus’ út [[1759]], sa neamd omdat yn de boppekant fan it dak troch fersakkings wat bochten sichtber binne. De foarein hat in topgevel, fersierd mei flechtings en siermitselwurk. De buorkerij is al lange tiid net mear yn bedriuw en binnenyn is de wenfunksje frijwat oanpast. Troch de lizzing, de sterke haadfoarm en de detaillearingdetaillearring tsjûget de restaurearre boerepleats fan it agraryske ferline fan de polders fan it eilân. Oan it Súd fan [[Formearum]] en yn Landerum steane mear frij geve 19e-iuwske boerehuzen.
 
== Mûne ==
It doarpsgesicht wurdt dominearre troch in koarnmûne. De mûne wie yn [[1838]] boud op de Dellewâl yn West, mar is yn [[1876]] nei Formearum oerbrocht. De bedriuwsweardige mûne hat al lange tiid in hoarekabestimming. It is in achtkante houten [[stellingmole]], dutsen mei reid, en op in potdeksele ûnderbou fan hout. It wjukkenkrúswjukkekrús hat in flecht fan tweintich meter.
 
== Ferskaat ==
18

bewurkings