Ferskil tusken ferzjes fan "RMS Titanic"

gjin bewurkingsgearfetting
De '''RMS ''Titanic''''' wie de twadde fan trije grutte lúkse passazjiersskippen dy't it mearpart fan de passazjiers oer de [[Atlantyske Oseaan]] oernimme moasten. It skip waard yn [[Belfast (Noard-Ierlân)|Belfast]] boud foar de [[White Star Line]], en op [[20 oktober]] [[1910]] te wetter litten. Doe't de Titanic oan syn earste reis begûn wie it it grutste passazjiersskip yn de wrâld mei 2235 minsken oan board.
 
Op dy earste reis, yn [[april]] [[1912]] krige de ''Titanic'' op 14 april om 11 uuroere 40 yn de nacht in botsing mei in [[iisberch]]. De iisberch skansearre de romp oan stjoerboard, dêr't seis lekken troch ûntstienen. Trije oeren letter wie it skip te sink gongen. Fyftsjinhûndert minsken kamen om hals, wat dit ien fan de slimste skipsûngemakken ea makke.
 
It te sink gean fan de Titanic is lykwols ek ien fan de ferneamdste skipsûngemakken. It hat de ynspiraasje west foar in grut tal boeken en foar in tsiental films.
18

bewurkings