Oerisel: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
kt
Rigel 21:
De âldste bewenning fan Oerisel is nei alle gedachten net âlder as it begjin fan de jiertelling. Dat wie dan nog fral yn [[Twinte]] om't de legere parten te sompich wienen om dêr wenje te kinnen. Mei it opkommen fan bettere ôfwetteringtechnyk yn de [[7e iuw]] waard de bewenning fan rest fan Oerisel mooglik. Doe't de [[Karolingen]] hjir oankamen wennen hjir [[Saksen (folk)|Saksen]].
 
Oerisel waard tafoege oan it ryk fan [[Karel de Grutte]], en letter troch [[HendrikHindrik III fan Dútslân]] oan de biskoppen fan [[Utert (stift)]] yn lien dien as it [[Oerstift]]. Mar dit [[lien]] hat, oant it mei alle wrâldske macht fan Utert yn [[1528]] nei [[Karel V fan it Hillige Roomske Ryk|Karel V]] oergong, nea sûnder problemen west.
 
Troch hiel de [[Tachtichjierrige Oarloch]] wie Oerisel part fan it striidfjild, en doe't dy foarby wienenwie kamen yn [[1665]] en [[1672]] de ynfallen fan [[Múnster]].
 
Yn de [[Frânske tiid]] waard Oerisel fan [[1798]] oant [[1801]] part fan it [[Departemint fan de Alde Isel]]; dêrnei wie it in selsstannich departemint, mar it hie oant [[1805]] al it lânskip Drinte derby. Yn [[1814]] waard it in provinsje fan it [[Keninkryk fan de Nederlannen]]. Earst yn de [[19e iuw]] soargen [[lânoanmakkerij]] en [[yndustrialisaasje]] foar in ferbettering fan de libbensomstannichheden.