Tagedienens: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Affection
No edit summary
Rigel 1:
'''Tagedienens''' of '''affeksje''' (fan it [[Latyn]]ske ''ad'' en ''facere'', "eat mei immen dwaan") is in [[gemoedstastân]] dy't fuortkomt út it erkenning skinken oan in oar. Hoewol't it yn 'e folksmûle as frijwol [[synonym]] brûkt wurdt mei [[freonskip]] of [[leafde]], is it eins eat dat de midden tusken dy beide begripen hâldt, mei't it sterker is as freonskip, mar swakker as leafde. It [[konsept]] 'tagedienens' is ûnderwerp fan ûndersyk foar ferskate tûken fan 'e [[filosofy]] en de [[psychology]], wêrby't ferbân lein wurdt mei bgl. [[emoasje]] en de ynfloed fan [[sykte]]. Guon [[psychologen]] beskôgje tagedienens as it tsjinstelde fan [[hertstocht]] yn 'e sin dat by tagedienens de [[seksualiteit|seksuële]] komponint fan it gefoel ûntbrekt, wylst dy by hertstocht krekt oerhearskjend oanwêzich is.
 
 
 
It belibjen fan in gefoel fan tagedienens foar in oar giet faak mank mei [[gefoelen]]s fan [[freonskip]] en/of [[leafde]]. Yn 'e regel fielt men benammen affeksje foar [[oarehelte]]n of oarsoartige [[libben]]spartners en foar jins neiste [[famylje]], lykas [[âlden]], [[bern (persoan)|bern]], [[bernsbern]] en [[bruorren en susters]]. It is lykwols ek mooglik om affeksje te fielen foar goede [[freon]]en. It útdrukking jaan oan tagedienens kin foar beide partijen, dus sawol foar de jouwer as de ûnfanger, positive en negeative [[emoasje]]s oproppe, lykas [[blydskip]] en [[leafde]], mar ek [[ûnnoflikens]], it gefoel opsletten te sitten en sels [[eangstme]].