Rhijnvis Feith: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
kt
Rigel 25:
 
== Biografy ==
Feith stamme út in begoedige regintelaach út [[Elburch (stêd)|Elburg]] en wie iennichiennichst bern fan Pieter Feith en Elsabé Spaar. Hy studearre rjochten oan de [[Universiteit Leien]] (1769-1770) en promovearre dêr al nei ien jier. Op 17 novimber 1772 boaske er oan Ockje Groeneveld. It pear krige njoggen bern. Simmerdeis wenne er op syn bûtenpleats ''Boschwijk'' (Heinosewei) en yn 'e winter hâlde er ta yn de stêd.<ref>De Boer, S. (2001). ''Funeraire Cultuur Zwolle''. SoesterbergSoesterberch: Utjouwerij Aspekt.</ref> Dêr hold er in ''salon'' en wiene ûnder oaren [[Willem Bilderdijk]] en [[Jan Frederik Helmers]] syn gasten.
 
Feith gie by desde [[patriotten]], faaks ûnder ynfloed fan syn buorman [[Joan Derk van der Capellen tot den Pol]]. Febrewaris 1787 waard er troch de [[froedskip]] fan Swol sûnder goedkar fan de [[steedhâlder]] ta boargemaster keazen, in funksje dy't it meast liket op dy fan in gemeenteriedslid fan no. Dy funksje hold er sân moannen. Septimber [[1787]] wie de Prusyske yntervinsje, dy't it gesach fan [[Willem V fan Oranje-Nassau]] fannijs fêstige. Feith wie net tsjin de [[steedhâlder]], mar wie mear in fûl tsjinstanner fan de aristokratyske steatsgesinde partij.
 
Rhijnvis Feith waard yn 1780 beneamd ta ûntfanger fan de belêstingen (konvoaien en lisinten) op it belestingkantoar fan syn heit; dat wie er oant 1814.